Ierdbeving op de grins fan Fryslân by Surhústerfean

23 feb 2020 - 11:35

Net fier fan Surhústerfean hat sneontejûn in ierdbeving west fan 1,4 op de skaal fan Richter. It plak fan de ierdskodding wie by de Grinzer Pein, krekt bûten it ierdgasgebiet. Wol lizze dêr flakby yn Fryslân in tal lytsere gasfjilden.

Foto: KNMI

De ierdskodding wie op in djipte fan trije kilometer. Dat is gebrûklik by in ierdbeving fanwege gaswinning.

Der hat twa kear earder in ierdskoddig west yn dat gebiet, fertelt seismolooch Läslo Evers fan it KNMI. Dat wie yn 1999 en yn 2003. Yn it gebiet komme wol ierdtrillings foar, mar minder faak as yn Grinslân.

Oersjochkaart fan lytse gasfjilden by Surhústerfean - Foto: Milieudefensie
(advertinsje)
(advertinsje)