Jonge (17) ferwûne troch eksplosyf materiaal

By Aldeholtwâlde is sneontejûn in jonge ferwûne rekke troch eksplosyf materiaal. Dat barde yn greide.
© Plysje
De 17-jierrige jonge is nei it sikehûs brocht. Wat der krekt bard is, is noch ûnbekend. De plysje hat de omjouwing ôfset en eksplosive-oprommingstsjinst (EOD) hat ûndersyk dien. Sy hawwe it eksplosyf materiaal sa't dat hjit 'feilichsteld'. De plysje ûndersiket de saak fierder.