Epke Zonderland stap tichterby Olympyske Spelen

23 feb 2020 - 08:03

Epke Zonderland hat by de wrâldbekerwedstriden yn Melbourne goud wûn op it ûnderdiel rekstôk. Dêrmei is de Fryske turner wer in stap tichterby dielname oan de Olympyske Spelen yn Japan.

De reaksje fan Epke Zonderland by de NOS:

Zonderland hat no trije oerwinningen helle yn de wrâldbekerwedstriden, likefolle as syn grutste konkurrint Miyachi út Japan. Om út te meitsjen wa't nei de Olympyske Spelen mei, wurde de skoares byinoar opteld.

Epke Zonderland yn Melbourne - Foto: ANP

Sjoch hjirûnder nei de finale rekstôk fan Epke Zonderland yn Melbourne.

Epke stiet no op 44,399 punten en de Japanner op 43,966. De Fries stiet dus foar en der komme noch twa wrâldbekerwedstriden.

De Japanske tsjinstanner foel yn de finale rekstôk yn Melbourne en waard fyfde. Der binne noch twa wrâldbekerwedstriden: op 14 en 15 maart yn Baku yn Azerbeidzjan en op 20 en 21 maart yn Doha yn Katar.

Miyachi hat witte litten dat er de kommende wedstriden net mear turnje sil en de striid opjout. It kamp- Zonderland lit oan de NOS witte dat sy noch gjin offisjele befestiging hawwe fan it Japansk bûn. Salang't dy der noch net is, gean se derfan út dat Miyachi gewoan meidwaan sil oan de lêste twa wrâldcups.

Sjoch hjirûnder hoe't Epke syn grutste konkurrint, de Japanner Miyachi, falt.

(advertinsje)
(advertinsje)