Trainer Johnny Jansen: "Super teleurgesteld dat wij geen drie punten pakken"

22 feb 2020 - 23:41

"Ik ben super teleurgesteld dat wij vandaag geen drie punten pakken. Als je naar de statistieken kijkt, hebben wij vandaag zeventig procent van de tijd de bal. Maar het gaat om de overwinning en die hebben wij niet behaald." Dat sei Hearrenfean-trainer Johnny Jansen sneontejûn nei it lykspul fan syn ploech tsjin ADO Den Haag.

Trainer Johnny Jansen is teloarsteld oer it punt:

ADO kaam yn de begjinfaze op in 0-2 foarsprong, mar Hearrenfean koe weromkomme oant 2-2. Nettsjinsteande in soad kânsen yn de slotfaze bleau it by in lykspul. "We kregen kansen in overvloed", neffens Jansen. "Maar we gaven twee goals weg en we maakten ook geen goals."

SC Hearrenfean spile yn deselde formaasje as de ôfrûne wiken. Wêrom begûn Jansen sneon dan net earder mei kreative jonges as Hajal en Halilovic? "We dachten dat we mensen in de zestien moesten hebben, maar tijdens de wedstrijd merkten we dat er iets moest veranderen. Die keuze werd in de rust gemaakt. Misschien was dat 45 minuten te laat."

"Verkeerde keuzes"

It wie Joey Veerman dy't foar Hearrenfean de oanslutingstreffer makke. De winst kaam der úteinlik net, en dat is tige spitich, fynt Veerman. "We maakten weer verkeerde keuzes voor de goal. Nu krijg je twee vrije trappen tegen en dat is zo zonde. Dat is totaal niet nodig. We moeten die ballen gewoon in het doel schieten, in plaats van steeds op de kruising."

Doelpuntemakker Joey Veerman oer de wedstriid:

"Wy koene de konsintraasje net de hiele wedstriid folhâlde. Mar efterôf hiene wy folle mear fertsjinne hjoed." Dat wie de konklúzje fan middenfjilder Alen Halilovic. "We binne net yn goeie foarm, mar wy besykje alles deroan te dwaan om wer wedstriden te winnen."

Halilovic foel suksesfol yn by Hearrenfean, lykas wol faker de ôfrûne wedstriden. Oer it feit dat Halilovic net in soad yn de basis spilet: "Ik bliuw posityf, om't ik tink dat ik in hiel soad goed doch. Ik wol net graach prate oer de beslissingen fan de trainer. Mar ik tink dat ik miskien mear fertsjinje. Yn de lêste wedstriden kaam ik der hieltyd yn doe't wy efter stiene. Ik soe ek graach fan it begjin ôf starte wolle yn de ploech."

Middenfjilder Alen Halilovic oer de wedstriid:

(advertinsje)
(advertinsje)