UNIS Flyers ferliest yn eigen hûs fan Hijs Hokij

22 feb 2020 - 23:04

De UNIS Flyers hawwe sneontejûn foar de twadde kear yn de BeNe-League ferlern fan Hijs Hokij Den Haag. Yn Thialf op It Hearrenfean waard it 2-3. De Feansters steane noch hieltyd op it earste plak yn de kompetysje.

De gearfetting:

De UNIS Flyers stiene foar de twadde kear yn de BeNe-League tsjinoer de Haachske klup. Ien dêrfan wûnen se, mar se ferlearen der ek ien. It is it tredde ferlies fan de Flyers yn de BeNe-League.

It wiene de Flyers dy't de jûn iepenen, mei in doelpunt fan Brent Janssen. Dy foarsprong holden se lykwols net lang fol, want Den Haag makke inkelde minuten letter al de 1-1. Oan de ein fan de earste perioade skoarde Hijs nochris, wêrtroch't de earste perioade foar de Hagenezen wie.

Grimmich

Ek yn de twadde perioade sette Hijs sterk útein. It stie al gau 1-3. Dêrnei waard it spul lykwols wat grimmich. Der bruts in fjochtpartij út tusken Trevor Hunt fan de Flyers en Thomas Roosendaal fan Hijs Hokij. Beide spilers waarden dêrop nei de strafbank stjoerd. Der waarden dêrnei gjin punten mear skoard.

De tredde perioade waard iepene troch in goal fan Juha Kiilholma. It fertrouwen like efkes werom, mar de Flyers koene de achterstân net mear ynhelje. It waard 2-3.

Reaksjes fan Mark Hoekstra en Viktor Nordemann:

Op 26 febrewaris komt UNIS Flyers wer yn aksje. Dan nimme se it op tsjin de Mechelen Golden Sharks, dy't no achtste stean yn de kompetysje.

Snein 1 maart spylje de Flyers de finale om de nasjonale titel wer tsjin HIJS HOKIJ Den Haach. Dat duel begjint om 15.30 oere yn Thialf.

In eardere wedstriid tusken UNIS Flyers en Hijs Hokij Den Haag - Foto: Martin de Jong
(advertinsje)
(advertinsje)