Basketballers Aris foar it earst yn de kluphistoarje nei bekerfinale

22 feb 2020 - 22:29

De basketballers fan Aris hawwe sneontejûn foar it earst yn 'e skiednis fan de klup de finale fan it nasjonale bekertoernoai berikt. Yn Ljouwert wie Aris mei in minym ferskil fan 67-66 te sterk foar Den Helder.

Aris-coach Ferried Naciri oer de histoaryske jûn:

De Ljouwerters hiene tongersdei de earste wedstriid yn de heale finale mei twa punten ferskil wûn, mar setten sneon yn eigen hûs sloardich útein. Dêr profitearre Den Helder fan en dy ploech pakte nei it earste kwart dan ek direkt in grutte foarsprong: 9-20. Yn it twadde kwart kaam Aris wat mear yn it spul. Under mear troch flaters fan Den Helder kaam de Fryske klup by it skoft wol in bytsje werom: 32-40.

It slagge de Ljouwerter basketballers yn it tredde kwart net echt om werom te kommen: 46-53. Aris moast yn it lêste kwart dus seis punten goedmeitsje om him te pleatsen foar de finale. Mei noch 4.41 minuten op 'e klok wie it gat allinne mar grutter wurden: 54-65. Aris skeat faak hastich en dat resultearre yn in soad missers.

Craig Osaikhwuwuomwan hie mei 16 punten en 19 rebounds in grut oandiel yn de oerwinning:

Bysûndere slotfaze

De tank wie lykwols noch net leech by Aris. Mei noch goed ien minút op it boerd wie it gat fiif: 60-65. Coach Ferried Naciri besocht mei in time-out syn team op it goeie paad te bringen. Mei noch 35 sekonden oer waard it gat sels werombrocht nei fjouwer punten. Aris benutte de oanfal dy't dêrop folge mei in trijepunter fan Torben Tonjann: 65-66.

Den Helder makke mei noch tsien sekonden op 'e klok in oertrêding. Aris krige hjirtroch twa frije ballen, dy't raak wiene: 67-66. Den Helder hie dus noch in trijepunter nedich foar overtime. Dat slagge net en dus giet Aris foar it earst nei de bekerfinale.

Sjoerd Koopmans, Andrzej Piotr Mazurczak, Cedric Dedecker en Craig Osaikhwuwuomwan fiere it finaleplak - Foto: www.orange-pictures.nl

Bekerfinale

Dy finale is op snein 29 maart yn MartiniPlaza yn Grins. Aris nimt it dan op tsjin Donar. De Grinzers wiene oer twa wedstriden te sterk foar Landstede út Zwolle.

Trefwurden: 
Ljouwert Aris basketbal
(advertinsje)
(advertinsje)