VC Snits ferliest mei 3-0 fan Apollo 8

22 feb 2020 - 22:05

De follybalsters fan VC Snits hawwe it der sneontejûn net goed fan ôfbrocht yn de kampioenspûl tsjin Apollo 8. Yn de Snitser sporthal waard it 0-3, mei setstannen fan 17-25, 24-26 en 15-25.

Foto: VC Sneek

Oan it begjin fan de earste set giene de Friezen en de Twentenaren noch gelyk op. VC Snits boude dat koart efkes út ta in foarstân: 10-7. Mar de Snitsers slaggen der lykwols net yn om dat fol te hâlden. Apollo stie oan de ein fan earste set alwer foar mei 17-25.

Yn de twadde set like it de Snitsers foar de wyn te gean en se kamen efkes op in foarsprong. Dêr lieten de Twentenaren it net by sitte. Sy skoarden flink wat mear punten as de Fryske follybalsters en wûnen de twadde set mei 24-26.

Ek yn de tredde set kaam VC Snits net goed út de farve. Apollo begûn dy set fuort mei in foarsprong. De Snitsers slaggen der noch yn om in pear punten te skoaren, mar winst siet der al net mear yn. It waard 15-25 en dêrmei 0-3.

VC Snits komt dêrmei op it fjirde plak te stean yn de kampioenspûl. De ploech komt sneon 29 febrewaris wer yn aksje. Dan nimme se it op tsjin Fast út Gennep.

Trefwurden: 
follybal VC Snits Apollo 8
(advertinsje)
(advertinsje)