Unike winst LDODK yn Papendrecht tsjin koprinner PKC

De kuorballers fan LDODK hawwe sneontejûn goede saken dien. Se wûnen yn Papendrecht mei 22-23 fan PKC. Dat wie de Friezen yn de ôfrûne sân jier noch nea slagge. LDODK stiet dêrmei op it fyfde plak yn de Korfbal League en hâldt útsicht op de play-offs.
© OrangePictures
LDODK begûn dramatysk oan de wedstriid. Nei 18 kear sketten te hawwen wie der noch gjin bal troch de koer gien. Se kamen dan ek fuortendaliks op in 4-0 achterstân, mar wisten dy foar de ein fan de earste helte noch fuort te wurkjen. Nei njoggen minuten makke Femke Faber de earste Fryske goal, en mei 5-1 kaam LDODK stadichoan werom. Fjouwer goals op rige soargen foar in likense stân, en it duel kantele folslein. Yn de lêste fiif minuten rûnen de Friezen út nei seis goals ferskil by it skoft: 7-13.

Bloedstollende twadde helte

Femke Faber soarge fuortendaliks yn de twadde helte foar sân goals ferskil, mar doe kaam koprinner PKC sterk werom. De Papendrechters makken der mei fiif goals op rige 12-14 fan. De druk fan PKC groeide, mar oant 20-17 koenen de Gordyksters hieltyd in gatsje hâlde. Op dy stân miste Julian Frieswyk in strafworp, en ynstee fan in ferskil fan fjouwer waard it dêrnei 20-20. De man yn foarm dit seizoen is Erwin Zwart, en dy makke doe de wichtige 20-21. De froulju fan LDODK, se skoarden yn totaal 16 goals, hellen dêrnei de swierbefochten en histoaryske oerwinning oer de streek.

Play-offs wer yn byld

Yn de acht jier dat LDODK op it heechste nivo spilet, hiene se noch nea in punt helle yn Papendrecht, mar troch dizze ferrassende winst hâldt de ploech fan Henk Jan Mulder en Jan Jouke Flokstra kâns op de play-offs. Se steane no fyfde, en ha noch trije wedstriden om yn de top-4 te einigjen.
Femke Faber oer de winst