SC Hearrenfean hâldt punt oer oan thúsduel tsjin ADO Den Haag

22 feb 2020 - 21:45

Sportklup Hearrenfean hat sneontejûn yn it Abe Lenstrastadion in punt pakt tsjin leechfleaner ADO Den Haag. Nei in betide 0-2 efterstân bûgde Hearrenfean de wedstriid noch om, mei wichtige doelpunten fan Joey Veerman en Alen Halilovic.

Foto: Orange Pictures

De ploech fan trainer Johnny Jansen wie yn de earste tsien minuten oppermachtich en krige in soad kânsen. Yn de njoggende minút hie it earste doelpunt op it skoareboerd stean kinnen. Jens Odgaard stjoerde Chidera Ejuke fuort, mar Malone fan ADO Den Haag rûn mei en foarkaam in treffer.

Twa doelpunten ADO

Ut it neat kaam ADO dêrnei yn de 28ste minút op foarsprong. In frije traap fan Goossens foel by de twadde peal yn it doel. Tsien minuten letter wie de malêze kompleet foar Hearrenfean, doe't wer Goossens oan de basis stie fan in doelpunt. Syn frije traap waard noch oanrekke troch Rodney Kongolo, en bedarre tsjin de touwen: 0-2.

Krekt foar it skoft koene de supporters yn it Abe Lenstrastadion dochs in doelpunt fiere. In skot fan Joey Veerman yn blessueretiid, dat fan rjochting feroare waard, fleach fia de peal yn it doel. Sa kaam de oanslutingstreffer fan Hearrenfean dochs noch op it boerd yn de earste helte.

Nei de tee wie de earste kâns foar Mitchell van Bergen. Hy skeat hurd op doel, mar ADO-keeper Koopmans brocht rêding. Yn de 64ste minút wie Ricardo van Rhijn ticht by in doelpunt, mar wer stie de doelman fan de Hagenaars yn it paad.

Kreaze lykmakker

Nei't Hearrenfean yn de slotfaze hieltyd better waard, foel yn de 79ste minút de lykmakker. Ynfaller Alen Halilovic makke in prachtich doelpunt troch de bal yn de krusing te sjitten.

Yn de goed seis minuten blessueretiid wie it noch hiel spannend. Hearrenfean sette de druk der noch fol op by ADO. In kopbal fan Espejord en in goeie kâns fan Veerman giene der krekt net yn. Dêrmei bleau it lyk op It Hearrenfean.

SC Hearrenfean - ADO Den Haag 2-2 (1-2) 28. Goossens 0-1, 38. Kongolo (e.d.) 0-2, 45. Veerman 1-2, 79. Halilovic 2-2.

Opstelling Hearrenfean: Bednarek, Van Rhijn, Dresevic, Botman, Floranus, Veerman, Faik (69. Halilovic), Kongolo (46. Hajal), Ejuke, Odgaard (69. Espejord), Van Bergen.

(advertinsje)
(advertinsje)