Brêge fan Dronyp wer iepen nei ûnderhâld fanwege 'kreakjend lûd'

22 feb 2020 - 21:06

De brêge fan Dronryp is wer iepen nei't er in skoftke ticht west hat foar ûnderhâld. De brêge makke by it iepen- en tichtgean in kreakjend lûd.

De brêge yn Dronryp - Foto: Omrop Fryslân, Aise van Beets

De provinsjale brêge oer it Van Harinxmakanaal wie noch net sa lang lyn oanpakt en opnij iepene. Koart nei iepening moast de brêge lykwols alwer ticht foar ûnderhâld, fanwege in kreakjend lûd by it iepen- en tichtgean.

Yntusken is it euvel ferholpen en giet de brêge wer sûnder lûd iepen en ticht. It dykferkear kin der wer del, mar de opkear jildt foar de skipfeart noch oant snein 18.00 oere.

(advertinsje)
(advertinsje)