Auto bedarret op sydkant yn 'e sleat by Easterwâlde

Op de Rendyk by Easterwâlde is sneontejûn in automobilist yn in bocht rjochtút riden en op 'e sydkant yn in sleat telâne kaam. Dêrby skampte de auto ek in beam. De bestjoerder rekke ferwûne by it ûngelok.
© De Vries Media
De helptsjinsten waarden krekt foar achten oproppen foar it ûngelok. It ambulânsepersoniel hat de bestjoerder út de auto holpen en dêrnei ûndersocht yn de ambulânse. De automobilist is dêrnei fuortendaalks nei it sikehûs oerbrocht.
De auto rekke flink skansearre en is burgen. Hoe't it ûngelok barre koe, is net bekend.