Part grutste haakte tekken fan 'e wrâld fynt nij thús yn Kenia

22 feb 2020 - 20:29

It ferbinen fan minsken troch it haken. Dat wie it grutste doel fan it Kulturele Haadstêdprojekt 'De Grootste Gehaakte Deken van de Wereld'. Hantwurkers út fyftich ferskillende lannen wurken mei oan de tekken fan 30.000 kante meter. De útstalling fan de haaksels wie in grut sukses en luts úteinlik hast 11.000 besikers. In part fan de tekkens hat yntusken in nij thús fûn, oan de oare kant fan de wrâld.

De tekkens waarden nei it Kulturele Haadstêdjier ferdield oer ferskate goede doelen. Ien dêrfan wie Care for Kenya, in stichting foar kânsearme bern yn de buert fan de Keniaanske haadstêd Nairobi.

Dy stichting krige 150 tekkens, mar it wie noch net sa maklik om de tekkens te ferstjoeren. De haaksels fan 1,40 bij 1,40 meter binne swier en moasten yn etappes ferstjoerd wurde. Neffens de stichting binne de bern der tige wiis mei en kinne se der lekker waarm ûnder sliepe.

(advertinsje)
(advertinsje)