Sander Arends troch nei finale Challenger yn Koblenz

Tennisser Sander Arends en syn maat David Pel hawwe sneon yn Koblenz de finale fan it Challenger-toernoai berikt. Yn de heale finale wûn it twatal, wer yn in spannende supertiebreak, mei 3-6 6-3 en 10-7 fan Andre Begemann en Florin Mergea.
Arends en Pel yn aksje © Omrop Fryslân
De Ljouwerter en syn maat stean mei dy winst yn de finale, dy't snein spile wurdt. Tsjinstanners fan Arends en Pel binne dêryn de Dútsers Julian Lenz en Yannick Maden.
Freed hie it Nederlânske duo it ek al dreech yn de kwartfinale. Doe waard op it nipperke wûn fan lângenoaten Tallon Griekspoor en Botic van de Zandschulp.