FIDEO: Soad publyk by karnavalsoptocht yn Drabbelterp

22 feb 2020 - 18:28

Yn Drabbelterp, sa't Snits hjit as it karnaval is, is de karnavalsoptocht gewoan trochgien, ek al wie it waar net ideaal. Yn oare dielen fan it lân smiet de wyn roet yn it iten. Dêr waarden optochten ôfblaasd, om't de weinen net swier genôch wiene en it dus net feilich wie. Gelokkich wie it yn Snits hartstikke gesellich en wiene der in soad taskôgers.

(advertinsje)
(advertinsje)