Frou rydt twa kear sûnder rydbewiis en moat auto ynleverje

22 feb 2020 - 17:52

De plysje hat sneontemiddei op de Loswal yn Drachten de auto fan in 34-jierrige ynwenster fan de gemeente Smellingerlân yn beslach naam. De frou moast har auto ynleverje, om't se foar de twadde kear yn 'e wike betrape waard op it riden sûnder rydbewiis.

Foto: Team Verkeer Noord-Nederland

Op freed 14 febrewaris waard se steande hâlden op de Tussendiepen yn Drachten. Doe kaam se der mei in boete fanôf. Op de Loswal herkende de plysje de auto fan it steande hâlden in wike earder. Dit kear moast de frou ôfstân dwaan fan de auto. Har rydbewiis wie yn 2017 ûnjildich ferklearre nei't se ferskate kearen ûnder ynfloed fan alkohol riden hie.

Trefwurden: 
plysje Drachten Loswâl
(advertinsje)
(advertinsje)