Fries om utens Yde Yntema wol earste Fryske apelsider meitsje

22 feb 2020 - 16:53

Fries om utens Yde Yntema hopet takom jier de earste kommersjele makker te wurden fan sider yn Fryslân. Dêrfoar is hy yn 2015 begûn mei it plantsjen fan in apelhôf mei no 650 beammen. Dy stiet oan de Mientwei by Himmelum.

Sider is in alkohoalysk apeldrankje dat it meast dronken wurdt yn lannen as Frankryk en Ingelân. Mar it wurdt ek hjir hieltyd populêrder.

Yntema wennet yn Ingelân, mar is hikke en tein by Himmelum. De Yntema's hawwe noch in 31 bunder lân, dus der is genôch romte as syn ynvestearring goed útpakt. Mar dat is fansels gjin útmakke saak. Yntema: "It is spannend en in bytsje beëangjend, want wy hawwe der best in soad yn ynvestearre en wy kinne it suver net ha dat it misgiet."

Yde Yntema yn syn apelhôf by Himmelum - Foto: Remco de Vries, Omrop Fryslân

It moat echt in Frysk produkt wurde; alles op de labels is ek yn it Frysk. Der moat noch in beslút falle oer de krekte namme wêrûnder de sider ferkocht wurde sil. It drankje sil benammen yn de eigen omjouwing ferkocht wurde, oan bygelyks hotels en restaurants.

Oan de iene kant fan it apelhôf leit de Rysterbosk, mei in soad toerisme, en oan de oare kant de Fluezen, mei in soad wettersporters. Takom jier hopet Yntema in pear tûzen liter oan Fryske sider te meitsjen.

(advertinsje)
(advertinsje)