Van der Wal wint twa partijen by Players Championship-debút

Darter Jitse van der Wal fan Mitselwier hat sneon by syn debút op de Players Championships fan de PDC de tredde ronde behelle. De debutant wûn yn Wigan fan Barrie Bates (6-3) en Robert Collins (6-4), mar gie yn syn tredde wedstriid ûnderút tsjin William O'Connor mei 6-1.
© PDC
It wie foar it earst dat de 21-jierrige Van der Wal meidwaan mocht oan in Players Championship. Yn jannewaris wûn hy ferrassend in toernoai yn Ingelân fan de Challenge Tour fan de PDC. Dat is it sirkwy dat krekt ûnder it profsirkwy fan it dartbûn sit. Om dy reden mei hy dit wykein meidwaan oan it fiifde en sechde Players Championship yn Wigan.

Noppert

Danny Noppert fan De Jouwer gie sneon yn de twadde ronde ûnderút. Hy wûn yn de earste ronde noch mei goed 105 gemiddeld fan Ryan Meikle, mar ferlear dêrnei fan Mike de Decker út België.
Snein wurdt yn Wigan noch it sechde Players Championship fan de PDC hâlden.
Darter Jitse van der Wal fan Mitselwier oer syn Players Championship-debút