Lektor meartaligens Joana Duarte moediget it brûken fan de memmetaal oan

Sels praat se Portugeesk, Dútsk, Nederlânsk, Frysk, Ingelsk, Spaansk en Frânsk: Joana Duarte. Hikke en tein yn Portugal, promovearre oan de universiteit fan Hamburg en in pear wike lyn beneamd ta lektor Frysk en meartaligens oan NHL Stenden as opfolger fan Alex Riemersma. Duarte hechtet grutte wearde oan de memmetaal. It brûken fan dy memmetaal is essinsjeel foar de taalûntwikkeling fan bern, sa seit se.
Joana Duarte, direkteur Alys Hoekstra en learkracht Petra Zwart © Omrop Fryslân
Yn groep 6, 7 en 8 fan basisskoalle De Flambou yn Easterbierrum krije de bern de opdracht om in resept foar freonskip te skriuwen. Earst yn it Nederlânsk en dêrnei moat it oersetten wurde yn twa talen. Hokker talen dat binne, meie de bern sels witte. De measte Frysktalige bern kieze derfoar om it resept yn it Frysk te skriuwen. Der binne ek Poalske bern dy't it Poalsk kieze en in famke mei in Sweedske mem en in Nederlânsktalige heit wol it yn it Sweedsk dwaan.
Dêrnjonken kieze bern ek foar talen dy't se net behearskje: Mauri (Nij-Seelân), Sineesk en Frânsk. De opdracht is in foarbyld fan hoe't der op De Flambou mei de ferskillende talen omgien wurdt. Fakoerskriedend wurde meardere talen brûkt. Dat komt ek trochdat der yn ferhâlding in soad bern mei in oare memmetaal as Frysk of Nederlânsk op skoalle sitte. It giet dan om bern fan Poalske migranten.

Trijetalige skoalle

De Flambou is sûnt 2012 in trijetalige skoalle: der wurdt les jûn yn it Frysk, Ingelsk en Nederlânsk. It oanlearen fan mear talen is neffens de skoalle belangryk foar de ynternasjonale kommunikaasje. Of, om it hiel simpel te sizzen: de bern moatte har yn binnen- en bûtenlân rêde kinne. Ut ynternasjonaal wittenskiplik ûndersyk hat boppedat kear op kear dúdlik bliken dien dat de basisskoalle oandacht jaan moat oan de memmetaal fan it bern. As dy goed ûntwikkele wurdt, kinne dêr folle makliker oare talen oan tafoege wurde.

Meartaligens yn al it ûnderwiis

Joana Duarte en har studinten begeliede skoallen by harren taalbelied. Mei it projekt 'Meer Kansen met Meertaligheid' wol se meartaligens yntegrearje yn al it ûnderwiis. Se erkent dat mear talen in bedriging foar it Frysk wêze kin. Tagelyk tinkt se dat as bern al jong leard wurdt dat alle talen der wêze meie en belangryk binne, sa'n bern automatysk mear wurdearring krijt foar de eigen memmetaal. Yn Fryslân is dat - foaral op it plattelân - faak it Frysk. Sa besjoen soe in gruttere meartaligens krekt in kâns foar it behâld fan it Frysk betsjutte.