Omrop TIP: Fryslân DOK 'It Wurd Wat' oer Fryske poëzy

22 feb 2020 - 15:38

Yn de dokumintêre 'It Wurd Wat' nimt Fryslân DOK de temperatuer op fan it dichtersklimaat. Poëzy is in belangrike pylder fan in libbene taal en in bloeiende kultuer. Dochs ferkeapet in goeie dichter op syn heechst in pear hûndert eksimplaren fan syn nijste bondel.

Moat in dichter op syk nei oare manieren om syn wurdkeunst oan de man te bringen? Programmamakker Bart Kingma giet mei fjouwer minsken yn petear. Tagelyk bringt er de poëzy yn byld mei Fryske Picture Poems. Foarm en ynhâld krije sa likefolle oandacht. Bart Kingma: "Krekt as yn in gedicht."

Tsead Bruinja is sûnt ferline jier Dichter des Vaderlands en hy dichtet twatalich. Hy sjocht net folle ûnderskied tusken poëzy en muzyk. Yn syn gedichten en yn syn optredens besiket er syn wurden safolle muzikaliteit mei te jaan dat er it publyk meinimme kin yn ritme en melody. Oer it plak fan Fryske poëzy yn de wrâld seit Tsead dat "Fryske poëzy wol wat mear de doarren iepensette kin foar oare kultueren en foar eksperiminten".

Tsead Bruinja, Dichter des Vaderlands - Foto: Omrop Fryslân

Klassikus en dichter Piet Gerbrandy ûnderskriuwt dat idee. Lyryk, de meast gongbere dichtfoarm, dielt syn oarsprong mei de muzyk. Piet Gerbrandy tinkt ek dat Fryske poëzy de wrâld in soad te bieden hat, omdat ús dichtkeunst trochkrongen is fan lânskip. Dat lânskip is mei de hân makke, en dat jout in bewustwêzen dat de minske in ferbining hat mei de grûn, ûnderdiel is fan in gehiel. En krekt yn ús moderne tiid, mei in soad diskusje oer klimaat, is dat in ferhelderjend perspektyf, neffens Gerbrandy.

Piet Gerbrandy, dichter en klassikus - Foto: Omrop Fryslân

As artistyk lieder fan Explore the North en City of Literature wol Marleen Nagtegaal neat leaver as dat publyk en dichter elkoar moetsje. Se is der wis fan dat der ferlet is fan poëzy. It is saak om de minsken dêrmei yn oanrekking komme te litten, it leafst spontaan, op strjitte of yn de winkel. Marleen wol ek de dialooch tusken Fryske poëzy en de wrâld stimulearje. City of Literature kin dêr in belangrike rol yn spylje. Ien fan de spearpunten is om mear útwikseling op gong te krijen tusken dichters yn en bûten Fryslân.

Marleen Nagtegaal, artistyk lieder City of Literature - Foto: Omrop Fryslân

Dichteres Grytsje Schaaf toant har wurk it leafst op ûnferwachte plakken, lykas op skoallen, strjitlampen of fytspaden. Sa kinne minsken yn kontakt komme mei poëzy, sûnder dat se it fuortendaliks yn 'e gaten hawwe. Poëzy berikt sa ek minsken dy't der net bewust nei op syk binne.

Grytsje Schaaf, dichter - Foto: Omrop Fryslân

De Fryslân DOK 'It Wurd Wat - poëzy yn Fryslân' is te sjen op 22 febrewaris, 15.30 oere by NPO2 (mei Nederlânske ûndertiteling). Op snein 23 febrewaris nochris by NPO2, om 13.10 oere. Ek op snein 23 febrewaris stjoert Omrop Fryslân de Fryslân DOK út, fan 17.00 oere ôf alle oeren.

(advertinsje)
(advertinsje)