Manon Kamminga wint ek fiifde wedstriid Grand Prix

22 feb 2020 - 15:32

Reedrydster Manon Kamminga hat sneon by de KPN Grand Prix yn Sweden de fiifde wedstriid wûn. Kamminga wie yn de sprint de rapste en fersloech Lisa van der Geest en Merel Bosma.

Argyffoto - Foto: NOS

Kamminga hat no fjouwer fan de fiif wedstriden wûn. De einsege is dan ek yn sicht foar de Friezinne. Snein is de lêste wedstriid, dy giet foar de froulju oer hûndert kilometer.

Grand Prix

De KPN Grand Prix bestiet út seis wedstriden. De earste trije wiene op de Weissensee en de oaren yn Sweden.

(advertinsje)
(advertinsje)