Flinke brân yn sliepkeamer fan hûs yn Dokkum

22 feb 2020 - 15:25

Yn in boppeferdieping fan in hûs oan de Hoedemakerswei yn Dokkum hat sneontemiddei in flinke brân west. De keamer dêr't de brân ûntstie, hat in soad skea oprûn.

Foto: De Vries Media

De brânwacht fan Dokkum arrivearre mei in blusauto en in heechwerker om it fjoer út te meitsjen en ek de plysje wie oanwêzich. Om de brân ûnder kontrôle te krijen, die de brânwacht in binnenoanfal. Sa koe slimmer foarkaam wurde.

Hoe't de brân krekt ûntstean koe, is noch ûnbekend.

Trefwurden: 
brân Dokkum Hoedemakerswei
(advertinsje)
(advertinsje)