Reedrydster Femke Kok prolongearret wrâldkampioenskip allround by de junioaren

22 feb 2020 - 15:12

Reedrydster Femke Kok fan Nij Beets is yn Poalen wrâldkampioene allround by de junioaren wurden. De 19-jierrige Kok wûn sneon yn Tomaszów Mazowiecki de 1.000 meter. It fjirde plak op de ôfslutende 3.000 meter wie foldwaande om har wrâldtitel allround te prolongearjen.

Foto: Martin de Jong Fotografie

Kok wûn sneon earst de 1.000 meter mei in tiid fan 1.17,14. Sy einige foar lângenoate Robin Groot (1.17,97) en Marrit Fledderus fan Sint-Nyk (1.19,06). Op de ôfslutende 3.000 meter einige de Nijbeetster as fjirde. Troch dy klassearring koe konkurrinte Groot har net mear ynhelje yn it klassemint.

Goud en sulver

Freed pakte Kok al goud op 'e 500 meter. Op de 1.500 meter waard se twadde, op mar 0,24 sekonde fan de titel.

Femke Kok yn Sneon yn Fryslân

(advertinsje)
(advertinsje)