Op & Ut: Grutte útfiner Nikola Tesla yn de spotlights

Alle sneonen binne yn it programma Op & Ut nijsgjirrige saken op radio en tv. Yn de útstjoering fan dizze wike krijt presintator Douwe Heeringa besite fan toanielklup it Akkrumer Dreamteater en fertelt studint Gélina Hoogsteen fan it Friesland College oer in útstalling oer útfiner Nikola Tesla.

Nikola Tesla

Hy wurdt de grutste útfiner fan de wrâld neamd: Nikola Tesla. Hy is ûnder oare de betinker fan wikselgelykstroom, wêrtroch't ús hjoeddeistige elektryske apparaten fan stroom fersjoen wurde kinne. Yn Ljouwert is in eksposysje mei wurk fan Tesla te sjen en learlingen fan it Friesland College hawwe dêroan meiwurke.
Nikola Tesla

Frysk Toaniel yn Akkrum

It Akkrumer Dreamteater hat in nij toanielstik skreaun. 'Doazen' is it ferfoch op harren eardere toanielstik 'Mutsen' en giet oer wat seis suskes allegearre by de ein hawwe. Se binne allegearre ferskillend, dus is der ûnderling in protte te dwaan.
Toaniel Akkrum

Piet Paulusma en Klaas Piekstra

Yn de túnrubryk fertelt Klaas ûnder oare oer de kivytsblom. It blomke liket op in ljipaai. Piet Paulusma praat ús by oer it rûge waar. De boppeloft is kâld, en dat betsjut dat by depresjes de buien fûl binne.
Piet en Klaas