Hurde wyn: brânwacht moat yn aksje komme op eigen kazerne

22 feb 2020 - 12:58

De brânwacht fan Ljouwert moast sneon yn aksje komme op de eigen kazerne fan de frijwillige brânwacht yn de wyk Bilgaard.

de kazerne yn Bilgaard - Foto: Camjo Media

Troch de hurde wyn wie isolaasjemateriaal fan it dak fan de kazerne ôf waaid. En der drige noch mear nei ûnderen te kommen. De heechwurker is ynset om it materiaal feilich te stellen.

Trefwurden: 
Ljouwert brânwacht kazerne
(advertinsje)
(advertinsje)