Rint de ûnôfhinklikens fan de Fryske kranten gefaar as de NDC ferkocht wurdt?

22 feb 2020 - 12:06

Wat betsjut de minne finansjele sitewaasje fan de NDC foar de Fryske kranten? As de NDC net binnen twa jier selsstannich fierder kin, wurde se ferkocht, seit NDC-direkteur Pier Baarsma. De útjouwer fan it Dagblad van het Noorden, de Ljouwerter Krante en it Frysk Deiblêd sit al twa jier djip yn de reade sifers. Huub Wijfjes, universitêr haaddosint sjoernalistyk oan de Ryksuniversiteit Grins, seit dat it alle kanten op kin.

It is in bekend ferskynsel dat managers nei oername fan in topbedriuw earst de krisis útroppe, om dêrnei - as it wer better giet - rispje te kinnen, seit Wijfjes. Oft it ek yndie better gean sil, is noch net te sizzen. Gjinien wit wat de takomst fan in media-ûndernimming is. Kinst allinnich mar hoopje dat de ynvestearringen genôch opsmite sille om it bedriuw winstjaand meitsje te kinnen, yn Wijfjes syn wurden.

Foto: Omrop Fryslân, Wytse Vellinga

"Unôfhinklikens hoecht net yn gefaar te kommen"

Yn it ferline waard oer oernames folle negativer tocht as no, seit Wijfjes. In oername hoecht net te betsjutten dat de pluriformiteit of ûnôfhinklikens fan kranten yn gefaar komme. Wol kin it redaksjoneel gefolgen hawwe om alles effisjinter te meitsjen.

Dat kin op ferskate plakken yn it bedriuw seit Wijfjes. Gewoanwei sjogge se nei hoe't it printsjen fan de krante effisjinter kin, mar dat is by de NDC al goed regele. In oare opsje soe dan op de redaksje wêze. In foarbyld soe wêze dat gjin twa ferslachjouwers nei in fuotbalwedstriid gean, mar ien. Wat ek wol bart, neffens Wijfjes, is it gearfoegjen fan online-redaksjes. In webside folje kinst oeral dwaan. Dêr hoechst net foar yn Ljouwert te wêzen.

Foto: Omrop Fryslân

Nije koers

Direkteur Baarsma seit dat se de earste resultaten binnen hawwe fan harren nije koers. Mear ynkomsten út online, ekstra printoarders en nije advertinsjekontrakten. Mar ek ynkomsten út de ferkeap fan kofje en wyn. Dat lêste liket Wijfjes in idee út de marketinghoeke. Hy fynt dat in sjoernalistyk bedriuw de ynkomsten helje moat binnen de krante-omjouwing. In idee is om bygelyks magazines te meitsjen dy't betelle wurde mei jild út it bedriuwslibben. Dêr is in hiel soad ferlet.

De NDC hat de moed noch net opjûn, seit direkteur Baarsma. Oft se binnen twa jier tiid it tij keare kinne, is noch mar de fraach, tinkt Wijfjes.

"Ze investeren wel degelijk, alleen is het de vraag of het voldoende is om overeind te kunnen blijven op lange termijn. NDC verkondigt dat het over twee jaar gezond is, maar waar de extra omzet vandaan moet komen, is onvoldoende ingevuld. Voorop staat dat een onderneming als de NDC moet investeren in nieuwe activiteiten om bij te kunnen blijven in een veranderend mediaconsumptiepatroon."

It ûndersyk nei de NDC is dien troch Loek Mulder fan RTV Noord yn it ramt fan in gearwurkingsprojekt tusken Omrop Fryslân, RTV Noord en RTV Drenthe.

(advertinsje)
(advertinsje)