Nei santich jier wer byinoar op de Sineeske See

22 feb 2020 - 10:28

Bennie de Goede út it Israelyske Haifa en Ruurd Verbeek út Drachtsterkompenije boekten sûnder it te witten deselde cruise. Hoe't tafal en ûnwierskynlikens byinoar kamen en in Joadske ûnderdûker syn kleuterkammeraat tsjinkomt. In ferhaal dat lêst as in filmskript.

Foto: Bennie de Goede

Harkje nei de reportaazje

Bennie en syn frou Yaffa de Goede út it Israëlyske Haifa binne yn 2016 fyftich jier troud. Om it te fieren, meitsje se in cruise yn Azië. Wannear't it pear op in moarn plaknimt yn de teäterseal foar in lêzing, komt in oar echtpear neist harren te sitten. Fernuvere heart Bennie dat sy Frysk prate, de taal dy't hy as lyts jonkje learde.

Hy kin it net litte om yn it Frysk te reagearjen en op de fraach wêr't hy dan weikomt, antwurdet Bennie dat hy yn de Twadde Wrâldoarloch ûnderdukt sitten hat yn Blije. "Mar dan bisto Karel!", ropt de ûnbekende man as Bennie fertelt dat hy by Jan en Alie de Roo in feilich ûnderkommen fûn hat. It is net te leauwen, mar Bennie sit yn de teäterseal fan cruiseskip De Volendam midden op de Sineeske See neist syn âld-klasgenoaten út Blije, Ruurd en Lissie Verbeek-Van der Weij.

Mar dan bisto Karel!

Ruurd Verbeek

Yn it lytse doarp oan de Waadseekust hat it trijetal mei-inoar op de beukerskoalle sitten. Bennie giet troch it libben as Karel Versteeg en beide jonges binne freonen. Mar as Bennie/Karel yn 1947 út Blije ophelle wurdt troch syn mem hâldt it kontakt op. Dat sy inoar santich jier letter wer moetsje, op sa'n ûnferwachts plak, is hiel bysûnder. Bennie en Ruurd haww harren freonskip sûnt dy tiid gewoan wer oppakt, as oft der neat bard is.

Sûnt doe hat der de ôfrûne trije jier deistich kontakt west tusken Drachtsterkompenije, it wenplak fan Ruurd en Lissie, en Haifa it plak dêr't Bennie sûnt 1962 wennet. Der is protte praat oer de libbensskiednis fan Bennie. Ruurd: "Bennie vertelde mij dat hij al lang bezig was met zijn eigen geschiedenis, maar dat er nog veel hiaten in zaten." Omdat Ruurd sels ek ynteressearre is yn skiednis en ûnderfining mei skriuwen hat, beslute de manlju om gear te wurkjen.

Libbensferhaal

Tal fan boarnen waarden rieplachte en it libbensferhaal fan Samuel Benedictus de Goede (ropnamme: Bennie) krige hieltyd mear foarm. Te begjinnen mei syn heit, nei wa't Bennie neamd is. Hy wie ien fan de manlju dy't by de razzia's fan 22 en 23 febrewaris yn Amsterdam op strjitte oppakt waarden. Hast de hiele groep ferstoar binnen in pear moanne yn de kampen.

Heit Bennie de Goede ferstjert goed trije moannen nei syn arrestaasje, op 31 july yn Mauthausen. Bennie syn frou Lujza Kvint is yn ferwachting en rint op dat stuit hast op alle dagen. Op 28 augustus wurdt de lytse Bennie berne. Hy sil syn heit dus nea kenne.

Foto: Bennie de Goede

Mem en soan kinne hieltyd minder kanten op yn it deistige libben. By in razzia begjin augustus 1942 wurde se allebeide oppakt.

Lujza giet nei de Hollandse Schouwburg en Bennie belânet yn de kresj oan de oare kant fan de strjitte. Lujza is berne yn Hongarije, en op dat stuit jeie de Dútsers net op Joaden út befreone lannen. It ûnmooglike bart: op oantrúnjen fan Lujza en mei help fan in fersetsgroep wurde se wer frijlitten.

Underdûke yn Blije

Lujza dûkt dêrnei ûnder yn Nijmegen en Bennie bedarret yn Blije. Mar hoe't dat krekt gien is en wa't dêrby holpen hat, bliuwt foar him in riedsel. "Wat ik wel zeker weet, is dat dominee Cees Moulijn en zijn vrouw Ans uit Blije en huisarts Albert Smit uit Ferwert ervoor hebben gezorgd dat ik nota bene op mijn verjaardag in 1942 bij Jan en Alie de Roo in Blije terechtkwam." By oankomst hat Bennie in kaartsje fan it Sintraal Evakuaasjeburo om 'e nekke te hingjen en hat er in nije namme: Karel Versteeg.

Foto: Bennie de Goede

Jan en Alie de Roo hawwe gjin bern en bringe Karel op as wie it harren eigen soan. Wol binne sy harren der bewust fan Bennie syn mem yn grutte noed oer har berntsje. Sy stjoere dêrom foto's nei har en skriuwe har brieven. Bennie makket in oantal nuodlike mominten mei yn Blije, mar kin úteinlik de hiele oarloch by famylje De Roo bliuwe.

(advertinsje)
(advertinsje)