Kollum: "Net earlik"

"Stel jimme de folgjende situaasje ris foar: In autoprodusint hat plannen om in nij model op de merk te bringen. De tekeningen binne klear, de konstrukteurs ha sels al stikem oan in prototype wurke."
Ferdinand de Jong © Omrop Fryslân
Ferdinand de Jong: "Net earlik"
"De autoprodusint hat grutte ferwachtings fan it nije model, want it sjocht der moai út, it rydt grif lekker en der sille hooplik in soad fan ferkocht wurde. Der binne fansels in tal betingsten dêr't de nije wein oan foldwaan moat. Dêr hat de oerheid in ynstânsje foar yn it libben roppen om dat foar harren te kontrolearjen. Dat ha se sa betocht en ôfsprutsen.
Dy kontrolearjende ynstânsje genietet in bepaalde mjitte fan oansjen. Sy binne it ommers dy't út namme fan it regear in swierweagjend advys jaan meie oer it goedkarren fan bygelyks in nij model auto. Der binne mear bedriuwen dy't dy ekspertize ha, mar dy wurde faaks as 'freonen' fan de autoprodusinten besjoen. Harren ûndersiken wurde troch de oerheid net as binend beskôge, want dêr hat de oerheid ommers harren selsbeneamd bedriuw foar. Dat binne de spulregels.
Ek de measte media nimme meastentiids de alternative bedriuwen net hiel serieus, want ja, de oerheid sil dochs gjin potsje meitsje fan it beneamen fan harren eigen ûndersyksbedriuw, dochs? Boppedat wurde dy 'befreone' bedriuwen faaks betelle troch de autoprodusinten, dus binne der altyd twivels oer belangen. De oerheid betellet trouwens harren eigen bedriuw ek, mei belestingjild, mar dat 'geheel terzijde'.
It is safier. De autoprodusint bringt mei in tige goed syn syn nije paradehynderke nei de keuringsynstânsje fan de oerheid. Neat liket yn it paad te stean om in nij stikje autoskiednis te skriuwen. It nije model stiet út himsels hast te glimmen fan grutskens, sa moai is it wurden. In wike of wat letter falt der in brief op de matte fan de autoprodusint mei it logo fan it ryks-ûndersykynstitút derop. Moai sa, tinkt de autoprodusint. Dit is klear, we kinne los. Hy skuort it brief iepen en skrikt. It nije model is ôfkard. Neffens it ûndersyksburo is de motor fan de nije wein lang net skjin genôch. Set mar in streek troch de presintaasje, it feest giet oer.
Daliks bellet de autoprodusint mei in tige goed bekend steand bedriuw dat hast deselde metoaden brûkt as it bedriuw fan de oerheid. 'No is it ek wat, se ha myn nije wein ôfkard,' seit de autoprodusint teloarsteld. It oare bedriuw komt daliks del, docht yngreven testen en dêrút komme hiel oare resultaten. It nije model is hielendal net sa fersmoargjend as oft it troch de oerheid betelle bedriuw seit. De autoprodusint giet mei de nije sifers nei de oerheid en oerlanget se oan de ferantwurdliken. Hy seit dat der miskien wol in flaterke makke is.
De oerheid sjocht by it oerlangjen hiel serieus, mar docht ynearsten neat mei de sifers. Sy ha harren eigen bedriuw, dêr ha sy in oerienkomst mei. 'Mar as der no wat ferkeard gien is, ik ha hjir de sifers dy't dat miskien oantoane kinne,' besiket de autoprodusint nochris. Hy rint stikken op in muorre fan amtlik ûnbegryp. Syn sifers meie dan miskien doge, der binne spulregels dêr't de oerheid oan fêsthâldt. Sels al komme dêr miskien net de goede resultaten út.
Ferhipte ûnearlik, dit hiele ferhaal, fine jimme net? Want wa hat no gelyk? Is der überhaupt sprake fan stribjen nei de wierheid, of leit politike, wittenskiplike en amtlike tunnelfisy op de loer? Soe it net ferstannich wêze om de spulregels oan te passen en partijen gearwurkje te litten yn stee fan elkoar de 'vliegen' ôf te fangen yn kranten, op telefyzje en online-media? Om it bist by de namme te neamen: Set it RIVM en de Stichting Mesdag Zuivelfonds oan tafel en kom mei sifers nei bûten dêr't beide partijen achter stean en meitsje dêr belied op. Dêr ha jo, ik, it regear, de natuer en de agraryske sektor folle mear oan as dit opportunistyske hinne en wer gejeuzel. "