"Stiet myn namme der ek by?"Argyf Jouster fersetsman wurdt digitalisearre

22 feb 2020 - 08:27

It argyf fan de Jouster fersetsman Sjoerd Wiersma wurdt digitalisearre. De kaarten mei de nammen fan de minsken dy't troch Wiersma en syn maat Uilke Boonstra yn de Twadde Wrâldoarloch rêden binne, lizze al hast tsien jier yn Westerbork.

Foar de kaarten is in soad belangstelling, seit haadkonservator Guido Abuys. "Er komen regelmatig mensen langs die willen weten of hun eigen naam er in voorkomt."

De kaarten binne nei de Twadde Wrâldoerloch oerskreaun fan it orizjinele argyf fan fersetsman Sjoerd Wiersma fan De Jouwer. Op de kaarten stiene de nammen en ûnderdûkplakken fan hûnderten minsken út hiel Nederlân. Der stie net allinnich op wêr't se ûnderdûkt sieten, mar ek wa't se dêr brocht hie en by wa ûnderdûkt waard.

"Het was natuurlijk heel gevaarlijk om zo'n archief bij te houden, maar toch ook niet uniek." seit Abuys. "Het is van verschillende verzetsgroepen bekend dat ze dit deden. Die archieven werden dan vaak op plekken verstopt waar verwacht werd dat de Duitsers niet snel zouden kijken. Bijvoorbeeld in een kachel."

It argyf fan Wiersma lei ferside yn de widze fan in lytse poppe en is nea ûntdutsen. Ek al wiene de Dútsers Wiersma sels wol op it spoar. Hy moast ûnderdûke, mar syn argyf bleau geheim. Nei de oarloch kaam it wer foar it ljocht.

It is in unike boarne om der achter te kommen hoe de ûnderdûknetwurken yn Fryslân te wurk gongen. "Wij zijn er blij mee dat we deze bron hebben. En ook voor nabestaanden van de mensen die ondergedoken hebben gezeten is het natuurlijk heel interessant."

Foto: Omrop Fryslân, Wytse Vellinga

It soarge foar in soad ekstra drokte foar de minsken fan it argyf fan Westerbork. Boppedat moasten de kaarten no wol hiel faak foar it ljocht helle wurde. "De kaarten zijn al ruim zeventig jaar oud en eigenlijk wil je niet dat ze constant tevoorschijn moeten worden gehaald. Daarom hebben we besloten om ze te digitaliseren, zodat mensen de kaarten veel makkelijker kunnen bekijken. Bovendien zijn ze zo makkelijker te doorzoeken."

Pakesizzer Sjoerd Wiersma yn Westerbork mei konservator Guido Abuys (rj.) - Foto: Omrop Fryslân, Wytse Vellinga

It projekt 'De terugkeer van de Joodse kinderen' is in gearwurking tusken Stichting de Verhalen, Omrop Fryslân, Leeuwarder Courant en Friesch Dagblad. De kearnredaksje bestiet út Karen Bies, Marja Boonstra, Martijn van Dijk, Wybe Fraanje en Gerard van der Veer.

(advertinsje)
(advertinsje)