Van Nieuwenhuizen: "Foar de simmer resultaten súdlike farrûte kontenerskippen"

22 feb 2020 - 07:17

Minister Cora Van Nieuwenhuizen fan Ynfrastruktuer en Wettersteat ferwachtet foar de simmer resultaten út de ûndersiken nei de súdlike farrûte foar kontenerskippen. Dat stiet yn in brief oan de Twadde Keamer. Dy is skreaun nei oanlieding fan it ferlies fan konteners op de Noardsee troch it skip OOCL Rauma, earder dizze moanne.

OOCL Rauma - Foto: Shutterstock.com

Van Nieuwenhuizen is sûnt de konterramp mei de MSC Zoe yn januaris 2018 dwaande om mear grip te krijen op de farrûtes dy't brukt wurde troch kontenerskippen. De minister seit dat se net allinnich beslute kin oer it ferbieden fan de rûte mei min waar. De rûtes lizze diels bûten territoriale wetters. Se set dêrom yn op gearwurking mei Dútslân.

Nei de simmer moatte de earste foarstellen opnaam wurde troch de International Maritime Organization dy't ferantwurdlik is foar de feiligens fan frachtferkear op see.

(advertinsje)
(advertinsje)