NDC-direkteur: "Binnen twa jier selsstannich, oars wurdt de NDC ferkocht"

"We kinne net noch twa jier trochgean mei dit soarte sifers." Dat seit Pier Baarsma, de direkteur fan de NDC mediagroep. De útjouwer fan ûnder oare de Leeuwarder Courant, it Friesch Dagblad en it Dagblad van het Noorden is opnij djip yn de reade sifers bedarre. Abonnees sizze de krante op, de kosten binne heech, en djoere ynvestearringen smite de NDC te min op.
© ANP / NDC Mediagroep
De finansjele situaasje fan kranteútjouwer NDC is sa min dat de oandielhâlders ferskate kearen byspringe moasten om it konsern oerein te hâlden. Baarsma: "As wy net binnen twa jier tiid oantoane kinne dat we selsstannich fierder kinne, wurde we ferkocht."
Okkerdeis kaam it jierferslach oer 2018 út. In dokumint dat in byld jout fan in konsern dat op it rantsje balansearret. It jier 2018 wie it twadde jier op rige dat de kranteútjouwer mei ferlies draaide, fan 4,8 miljoen euro. Yn 2017 kaam het mediakonsern ek al yn de reade sifers (5,2 miljoen euro).
De direksje is net ôfhâldend oer it oardiel oer de eigen posysje. De omstannichheden soargje foar "onzekerheid van materieel belang", sa stiet yn it jierferslach. "Op grond daarvan zou gerede twijfel kunnen bestaan over de continuïteitsveronderstelling van NDC en dat daardoor NDC mogelijk niet in staat zal zijn in het kader van de normale bedrijfsuitoefening haar activa te realiseren en haar verplichtingen na te komen."

Fjouwer persint minder abonnees

Dat de sifers sa ôffalle, komt troch oanhâldend ferlies fan abonnees, djoere reorganisaasjes, ferlies fan in wichtige printoarder, minder ynkomsten út advertinsjes en troch hegere ynvestearringskosten fanwege oername fan útjouwerij Boom yn Meppel, it fideoproduksjebedriuw Pro-Time yn Grinslân en it marketingbedriuw Crossmedia Communicatie op It Hearrenfean.
Krekt as alle oare kranteútjouwers hat de NDC ek lêst fan in net op te kearen tebekrin fan beteljende abonnees. Yn 2018 hiene DvhN, LC en Friesch Dagblad fjouwer prosint minder abonnees. In ôfname dêr't NDC in bytsje bliid oer docht, want de delgong wurdt minder. Yn de jierren dêrfoar lei de ôfname nammentlik op sân prosint.
© RTV Noord
NDC stiet in hast ûnmooglike taak te wachtsjen. In put dêr't direkteur Pier Baarsma ferantwurdlik foar is. Nettsjinsteande dat is Baarsma optimistysk oer de resultaten fan de nije koers. It bedriuw sit op it heden midden yn in proses fan feroaring, fan tradisjonele krante-útjouwerij nei sa't de NDC it sels neamt: in 'crossmediaal-mediabedrijf'.
Nijs komt nei de 2,2 miljoen Friezen, Grinslanners en Drinten ta yn de regionale kranten, online op de websiden, yn de hûs-oan-hûs-blêden, op de telefyzjestjoerder Podium TV en troch organisaasje fan eveneminten, lykas Wonen & Co yn Martiniplaza yn Grins.
Ek nije apps lykas Sport Noord of podcasts en fideo moatte it berik fan de ferhalen dy't de NDC-sjoernalisten bringe, ferheegje. It brede oanbod fan NDC-kanalen is dan oantrekliker foar advertearders dy't better harren klanten berikke kinne.

"Wy litte de moed net sakje"

De earste resultaten binne no al te sjen yn de tanimmende ynkomsten út online printoarders en nije kontrakten. "Wy litte de moed net sakje", seit Baarsma. De plannen sa't dy der no lizze, sille neffens him de NDC oerein hâlden as ûnôfhinklik regionaal mediabedriuw.
© Omrop Fryslân
Neffens mediasaakkundige en âld-lektor sjoernalistyk Piet Bakker like it derop dat de NDC it lek in pear jier ferlyn eins wol ûntdutsen hie. Unrendabele oankeapen, lykas boeke-útjouwerij NBK, wiene fan de hân dien en in djoere liening by de ING wie ôfkocht. "Wanneer je dan nu nog steeds geen winst maakt, dan doe je iets niet goed", seit Bakker.
Wanneer je dan nu nog steeds geen winst maakt, dan doe je iets niet goed.
Piet Bakker, mediasaakkundige en âld-lektor sjoernalistyk
Hy wiist derop dat oare útjouwerijkonserns lykas DPG yn België, eigener fan kranten lykas De Volkskrant, Trouw en AD en it Belgyske Mediahuis (Telegraaf, NRC) wol winst meitsje.
Dat DPG, mei yn 2018 1,6 miljard euro omset en in nettowinst fan 126 miljoen, en Mediahuis (omset 819 miljoen, 28 miljoen winst) wol mei positive sifers draaie, komt benammen trochdat it harren slagge is de kosten te drukken, seit Bakker. Nije ynkomsten oanboarje is neffens Bakker nammentlik tige dreech yn in merk dêr't Facebook, Google, Instagram en oare ynternetgiganten sawat de helte fan it advertinsjebudzjet fan alle bedriuwen mei-inoar opeaskje.

Wanhopige yndruk

"Ik begrijp dat NDC naar andere wegen zoekt en bedrijven koopt", reagearret Bakker. "Zoals de huis-aan-huisbladen van Boom in Meppel, maar het maakt een nogal een wanhopige indruk. Het is een vlucht naar voren."
Ek professor Huub Wijfjes, universitêr haaddosint sjoernalistyk oan de Ryksuniversiteit Grins, sjocht net folle yn de oanpak fan NDC, dy't neffens him troch marketingminsken bepaald wurdt. "Het bedrijf zegt inkomsten uit verkoop van wijn en koffie te willen halen. Dat zijn ideeën uit de marketinghoek."
Wijfjes: "Het lijken me onverstandige noodgrepen, die slecht te verenigen zijn met het idee dat vertellen van verhalen de kern van het bedrijf is, zoals NDC zelf stelt. NDC verkondigt dat het over twee jaar gezond is, maar waar de extra omzet vandaan moet komen, is onvoldoende ingevuld."

Noardlike kranten yn Belgyske hannen?

De abonnees fan de krante wurde hieltyd âlder. Ut analyze fan sifers fan it oplaachynstitút NOM docht bliken dat it Dagblad van het Noorden reedlik slagget âldere lêzers fêst te hâlden. De krante slagget der lykwols net yn om nije, jonge lêzers te krijen. Wannear't de hjoeddeistige generaasje âldere lêzers der net mear is, broazelet ek it abonneebestân dramatysk ôf.
Media-ûndersiker Bakker sjocht mei dêrtroch in oername troch in oare partij as oannimlik. Wêrby't DPG nei syn idee de meast wierskynlike kandidaat is. NDC wurket dêr al mei gear by de ynkeap fan advertinsjes en op redaksjoneel gebiet.

"DPG heeft alles, behalve Noord-Nederland"

NDC-topman Baarsma ken de lûden fansels ek en wol in oername perfoast net útslute. "Die is heel aannemelijk. DPG wil ons dolgraag overnemen. Ze hebben alles, behalve Noord-Nederland." DPG is ien fan de twa grutte krantebedriuwen (de Volkskrant, AD, Trouw) fan ús lân.
Ek al hat selsstannich bliuwe de foarkar, seit Baarsma mei klam. Mar hy seit ek: "Als een overname moet omwille van de continuïteit van de journalistiek in de regio, dan zullen we daarvoor kiezen."

Gjin plannen

Op de fraach nei de belangstelling fan DPG foar NDC antwurdet DPG-topman Erik Roddenhof: "DPG Media heeft recentelijk een overnamebod gedaan op Sanoma. We richten al onze aandacht op een goede en succesvolle integratie. We zijn dus nu niet bezig met andere overnames. De vraag is daarmee niet opportuun. We zijn zeer tevreden over de samenwerking met NDC. Er zijn op dit moment geen plannen om die verder uit te bouwen."
It giet der DPG net om foet oan de grûn te krijen yn de trije noardlike provinsjes, seit Roddenhof: "DPG heeft geen strategie gericht op uitbreiding van marktgebied. De strategie van DPG richt zich op het succesvol realiseren van een digitale transitie."
It ûndersyk nei de NDC is dien troch Loek Mulder fan RTV Noord yn it ramt fan in gearwurkingsprojekt tusken Omrop Fryslân, RTV Noord en RTV Drenthe.