Earste doelpunt Breij foar Cambuur: "Hij staat toch wel op mijn naam?"

It earste doelpunt fan Michael Breij foar Sportklup Cambuur kaam freedtejûn yn earste ynstânsje op namme fan Giovanni Korte. De speaker yn it Cambuurstadion herstelde him lykwols efkes letter. Breij: "Ik heb helemaal niets daarvan meegekregen. Hij staat toch wel op mijn naam achteraf? Dat is mooi!"
Michael Breij oer syn earste doelpunt foar Cambuur:
Michael Breij
Cambuur wûn freed úteinlik ienfâldich mei 2-0 fan Roda JC út Kerkrade. Mühren makke it earste doelpunt en dêrnei kaam krekt nei it skoft Michael Breij oan bar. Syn doelpunt is tige wolkom, fynt hy. "Een enorme ontlading! Dit is erg lekker."
Hoewol't Cambuur folle mear doelpunten meitsje kinnen hie, is Breij net ûntefreden. "Zij weten natuurlijk ook dat wij bovenaan staan. Voetballend was het niet top. Ik vond dat wij ook niet top waren, maar bij vlagen waren wij wel veel en veel beter dan Roda."
Cambuur-trainer Henk de Jong hat wer trije punten oan it totaal taheakke. Hy wol net te fier foarút sjen, mar wol in bytsje. "We sitte no al op sechstich punten. As wy der noch seis of sân winne, dan binne wy in hiel ein.

"Blessueren kinne wy fernimme"

Dochs hie syn ploech mear doelpunten meitsje moatten. Dan begrypt ek De Jong, mar hy ferbynt dat ek oan de blessueren fan twa fan syn spilers. "Kallon hat no hamstringproblemen oan syn oare foet. En Antonia hat in blessuere oan syn ankel. Dat kinne wy dochs wol fernimme yn it fjild."
Posityf wie de trainer oer it optreden fan Giovanni Korte. "Dy jonge docht it goed, hy bringt wol wat yn it fjild!"
Trainer Henk de Jong fan Cambuur:
Trainer Henk de Jong