Arends op it nipperke nei heale finale yn Koblenz

21 feb 2020 - 22:40

Tennisser Sander Arends fan Ljouwert hat freedtejûn tegearre mei syn maat David Pel de heale finale fan it Challenger-toernoai yn Koblenz berikt. It duel yn de kwartfinale tsjin Tallon Griekspoor en Botic van de Zandschulp waard nei 3-6 en 7-6 yn in supertiebreak beslist: 12-10.

Foto: Omrop Fryslân

De earste set gie mei oertsjûging nei Griekspoor en Van de Zandschulp. Arend en Pel kamen yn de twadde set mei muoite werom, mar wiene yn de tiebreak wol sterk. Yn de dêrop folgjende supertiebreak wie it lang spannend, mar gie de winst úteinlik dochs nei Arends en Pel, dy't ek as earste pleatst binne yn Koblenz.

Heale finale

Yn de heale finale treft it Nederlânske duo Andre Begemann en Florin Mergea.

Trefwurden: 
Sander Arends tennis
(advertinsje)
(advertinsje)