Froulju Drachtster Boys bliuwe koprinner mei winst op Os Lusitanos

21 feb 2020 - 22:13

De sealfuotbalfroulju fan Drachtster Boys hawwe freedtejûn sûnder problemen wûn fan Os Lusitanos út Amsterdam. De Friezinnen makken in soad doelpunten en pakten úteinlik mei 7-1 de winst.

Foto: Tibbesma Fotografie

Doelpunten oan de kant fan Drachtster Boys kamen op namme fan Esther van Toledo (twa kear), Daphne de Jong (twa kear), Jessie Prijs (twa kear) en Marije Procee. Foar de Amsterdammers makke Jamie Visser it iennige doelpunt.

Mei de oerwinning bliuwe de froulju fan Drachtster Boys koprinner yn de lanlike earedifyzje sealfuotbal.

(advertinsje)
(advertinsje)