Skûtsje ûntdutsen yn Parys komt werom nei Fryslân

Stichting Foar de Neiteam hat opnij in skûtsje ûntdutsen. It giet om it skûtsje Nooit Gedacht dat yn Parys leit. It skip is boud yn Koatstertille troch Joon Molles van der Werf. Nei jierren yn Parys komt it skûtsje werom nei Fryslân. "It is wol hiel unyk dat dy no wer werom komt", fertelt Frits Jansen fan Stichting Foar de Neiteam.
Skûtsje mei fracht troch de brêge by Bontebok - Famylje Koen © Foar de Neiteam
"Wy hawwe dat net sa gau op it netflues dat der ien yn Parys leit, mar se komme ek wolris fan fierder. We hawwe se ek wol fûn yn Marokko, dus se binne oeral", fertelt Jansen fan Stichting Foar de Neiteam. De stichting hâldt him yntinsyf dwaande mei it fêstlizzen en oerdragen fan histoaryske gegevens fan skûtsjes.

Wer op it spoar

It skûtsje dat yn Parys leit wie efkes fan de radar, mar de stichting kaam it skûtsje wer op it spoar. "We hawwe ea wol kontakt hân mei de eigener, mar op in gegeven momint hold dat op. Dan wit je de gegevens fan it skip, mar dan moat je mar ôfwachtsje wat der fierder mei bard. Seker mei in skûtsje dat yn Parys leit, dêr gean je net elke wike hinne om efkes te sjen", leit Jansen út.
In soan fan de âld-eigener fan it skûtsje hat Jansen benadere oer it skip. Hy fertelde dat hy by it skip west wie fan syn heit. De eigeners Lise en Maxim Donon fertelden him dat se it skûtsje wol kwyt woene. Fia de mail hat Jansen kontakt holden en binne se oerienkaam dat it skûtsje werom nei Fryslân komt.
"Ik hoop dat der wer ûnder syl komt. Der sit no in hiele lange roef op en ik hoop dat der wer in moai roefke yn komt. Ik hoop dat we him wer sa orizjineel mooglik it wetter op krije. En wa wit komt der ek yn de wedstriden wer út, mar dat is dan yn de takomst."

Mear skûtsjes fan Koatstertille

Der komme mear skûtsjes fan de werf yn Koatstertille, bygelyks skûtsje Zeldenrust dat meifart yn de IFKS. It skûtsje is dêr dan ek it meast mei te fergelykjen, yn safier dat dat no besjoen wurde kin. "De Zeldenrust is in hiel fluch skipke, dat ek by dyselde werf boud is", fertelt Jansen. "Miskien krekt wat minder moai yn model, mar dêr kinst him dan it meast mei fergelykje".
Ferslachjouwer Maaike van der Hoek praat mei Frits Jansen fan Stichting Foar de Neiteam
Foardat it skûtsje yn Parys telâne kaam, hat it skip meardere eigeners hân. "It skûtsje is eartiids boud foar in sikere J. Dam út Beetstersweach en dat wie yn 1901", fertelt Jansen. Yn 1909 gie it skip oer nei in E. de Vries út Ljouwert en dêrnei troch nei Roel Kerkhof fan It Hearrenfean yn 1932. De fjirde eigener kaam út Nijhoarne, dêr't Jacob Koen yn 1945 it skip oernaam.
"Dêr hawwe we ek de earste foto's fan it skip", fertelt Jansen. "Hielendal beladen komt er troch de brêge hinne by Bontebok. Je sjogge de minsken ek oan board oan it wurk. Se binne krekt troch de brêge hinne kaam en de mêst stiet wer omheech."

Earst frachtskip, dêrnei wenskip

De earste fjouwer eigeners brûkten it skip as frachtskip, mar de fiifde eigener út Kampen boude it skip om ta in wenskip. Yn 1965 gie it skip nei de famylje Dorsman út Dubbeldam. It skip waard in rekreaasjeskip en krige de namme 'Vrouwe Christina'. Nei de sânde eigener dy't ûnbekend is, fûn it skûtsje in wei nei Frankryk.
Brigitte en Eric Donon namen it skip yn 1989 oer en makken der in bêd&brochje fan. It skip gie troch op harren soan Maxim Donon. Tegearre mei syn frou Lise neamden se it skip 'Lady Lise'. Sy wolle it skûtsje no fan de hân dwaan.

Kenmerken fan skûtsje Nooit Gedacht

Registraasjenûmer: L 2244 N
Boujier: 1901
Werf: Joon Molles van der Werf yn Koatstertille
Lingte: 16,57 meter
Breedte: 3,64 meter
Tonnaazje: 30,125 ton
Mjitting: Ljouwert 9 febrewaris 1932