Twa goals bringe Cambuur ienfâldige winst tsjin swak Roda JC

Sportklup Cambuur hat freedtejûn in frij ienfâldige oerwinning behelle tsjin in swak Roda JC út Kerkrade. Yn Ljouwert waard it 2-0 yn it foardiel fan Cambuur, troch doelpunten fan Robert Mühren en Michael Breij. Benammen yn de earste helte wie Cambuur sterk; oan de ein fan de wedstriid sakke de ploech fan trainer Henk de Jong wat yn.
© Orange Pictures
De earste grutte kâns fan de wedstriid kaam op namme fan Cambuur-topskutter Robert Mühren. Yn de trettjinde minút skeat hy op doel, mar keeper Novakovic koe de bal keare. Krekt wat letter krige Mühren wer in grutte mooglikheid, mar dy waard fan de line helle troch de keeper fan Roda JC.

Kallon blessearre

Krekt dêrfoar moast Issa Kallon it fjild al ferlitte. Hy hie lêst fan syn hamstring en waard wiksele foar Giovanni Korte.
Yn de 29ste minút lei de bal wol yn de goal fan de ploech út Kerkrade. Wer wie it Robert Mühren dy't nei foaren kaam, in stekpass krige fan Hoedemakers en de bal dêrnei efter keeper Novakovic skeat: 1-0.
Krekt foar it skoft krige ynfaller Giovanni Korte in grutte kâns op de 2-0 foar Cambuur. Fan tichteby skeat hy de bal lykwols heech oer de goal.

Fuort nei rêst: 2-0

De Ljouwerters hiene de tee noch mar krekt efter de kiezzen, doe't it twadde doelpunt fan de wedstriid foel. Yn earste ynstânsje krige Giovanni Korte de eare, mar letter kaam it doelpunt dochs op namme fan Michael Breij. Korte krige lykwols noch wol in kâns op de 3-0, mar skeat oer de goal nei't hy doelman Novakovic omspile hie.
© Orange Pictures
Nei de eardere blessuere fan Kallon moast ek Jarchinio Antonia it fjild ferlitte. Hy waard yn de 51ste minút ferfongen troch George McEachran.
Doelpuntemakke Breij wie yn de 70ste minút ticht by noch in goal. Keeper Novakovic fan Roda rêde lykwols noch mar in kear en helle de bal út de hoeke. Ek Mühren hie yn de 83ste minút noch skoare kinnen, mar skeat de bal op 'e latte.

Noch hieltyd koprinner

Yn de problemen kamen de Ljouwerters dêrnei net echt mear. Troch de oerwinning bliuwt de ploech fan Henk de Jong koprinner yn de earste difyzje, foar De Graafschap.
SC Cambuur - Roda JC 2-0 (1-0) 29. Mühren 1-0, 47. Breij 2-0.
Opstelling Cambuur: Stevens, Mac-Intosch, Schouten, Schmidt, Hoedemakers, Kallon (17. Korte), Breij, Mühren, Sambissa, Oratmangoen (83. Bangura), Antonia (51. McEachran).