Fytser swierferwûne by ûngelok op It Hearrenfean

21 feb 2020 - 21:01

In fytser is freedtemiddei swierferwûne rekke op it Kattebos op It Hearrenfean. De helptsjinsten kamen manmachtich te plak, om it slachtoffer te behanneljen oan syn ferwûningen. De fytser is troch noch ûnbekende oarsaak yn botsing kommen mei in auto, dy't in karre oankeppele hie.

Foto: De Vries Media

Twa ambulânsen binne nei in koarte behanneling op lokaasje rjochting it sikehûs yn Grins riden. By Niebert hawwe de ambulânsen efkes stilstien, om de dokter fan de traumahelikopter oan te heljen. De trauma-dokter hat de fytser yn de ambulânse ûnderweis nei it sikehûs behannele.

De ferkearsspesjalisten fan de plysje hawwe in ûndersyk ynsteld nei de tadracht fan it ûngelok.

(advertinsje)
(advertinsje)