FIDEO: Jan Rijpstra kundiget previntyf fûillearjen oan yn Drachten

21 feb 2020 - 20:25

Yn Drachten wurdt op koarte termyn previntyf fûillearjen ynfierd. Sa wol de gemeente it dragen fan stekwapens yn it útgeansgebiet tsjingean. Boargemaster Jan Rijpstra fan Smellingerlân kundige it previntyf fûillearjen oan yn telefyzjeprogramma It Polytburo.

De maatregel wurdt nommen nei oanlieding fan de dea fan de 16-jierrige Roan Brilstra. Ein ferline jier waard hy deastutsen yn it sintrum fan Drachten. Om de Algemene Plaatselijke Verordening (APV) te feroarjen, moat it OM tastimming jaan. Dy is der yntusken kommen.

Rapport ferkenner

Nije wike tiisdei praat de gemeenteried fan Smellingerlân oer it rapport fan Ton Baas. Dy is as ferkenner oansteld om de politike krisis yn de gemeente op te lossen. De krisis ûntstie nei't de PvdA him út it kolleezje weromluts. Ien fan de opsjes dêr't Baas mei komt is in saneamd sake-kolleezje, wêrby't de politike kleur fan de wethâlders minder belangryk is as harren saakkundichheid.

Rijpstra sei yn It Polytburo dat der gau in ein komme moat oan de bestjoerlike krisis yn Smellingerlân, foaral omdat der in soad problemen oplost wurde moatte.

(advertinsje)
(advertinsje)