Van Benthem foar it earst op reüny Alvestêdetocht fan 1985

21 febrewaris: it is de dei dat 35 jier lyn de Alvestêdetocht fan 1985 ferriden waard. Om dat te fieren, kamen de riders yn it reedrydmuseum yn Hylpen byinoar foar in reüny. Dat wurdt om de fiif jier dien, mar dit kear wie dochs in hiel bysûndere.
Alvestêdetocht 1985: "De earste hûndert kilometer wie der neat oan de hân"
De winner fan 1985 en fan 1986, Evert van Benthem, wie der foar it earst by. Hielendal fanút Kanada, dêr't hy sûnt 1999 in melkfeebedriuw hat. Van Benthem fynt it bysûnder om alle oare riders wer ris te sjen. "Het blijft toch de Elfstedentocht, die je gewonnen hebt. Dat blijft toch wel iets bijzonders."
Ek kin hy wer efkes genietsje fan it ferneamd wêzen, want yn Kanada wit net ien wa't hy is. "Sommige Canadezen denken dat ik iets heb gewonnen in de Olympische Spelen. Maar dat is natuurlijk niet zo. Ik vind dit ook veel mooier. Maar je kunt ze ook niet uitleggen wat de Elfstedentocht is. Een Canadees heeft daar geen gevoel bij."
© Omrop Fryslân, Jeroen Boersma
Op de reüny waard in soad praat oer hoe't it ek alwer gie yn 1985. "We hebben het toch over: 'wie ging er als eerste weg? Hoe kwam je bij die top vier?' Ja, we weten het allemaal nog precies", fertelt Jan Kooiman. Hy waard yn 1985 fjirde en is tsjintwurdich foarsitter fan de organisaasje dy't de reünys organisearret.
Ek Rein Jonker, dy't mei in fyftjinde plak de bêste Fries wie, kin it him noch goed foar de geast helje. "Wat der ûnderweis barde, wat de demaraazjes wiene. Wat je tsjinstanners diene en hoe goed as je sels wiene. Ja, dat wie prachtich!"
© Omrop Fryslân, Jeroen Boersma