Opnij brûns foar judoka Tsjakadoea yn Düsseldorf

Judoka Tornike Tsjakadoea fan Ljouwert hat freed by de Grand Slam yn Düsseldorf in brûnzen medalje helle. Yn de klasse oant 60 kilogram fersloech hy Temur Nozadze yn de striid om it tredde plak.
© Omrop Fryslân
Tornike Tsjakadoea moast nei trije oerwinningen, wêrfan twa op ippon, belies jaan tsjin Yung Wei-yang út Sina. De Nederlanner ferlear yn de heale finale op ippon. Ek ferline jier ferlear de Ljouwerter yn Düsseldorf yn de heale finale, en pakte hy ek it brûns.

Olympyske Spelen

Tsjakadoea is ien fan de fiif judoka's dy't troch it judobûn oanwiisd is by it nasjonale sportbûn foar dielname oan de Olympyske Spelen yn Tokio.