Plestik kerrels MSC Zoe lizze oant en mei Denemarken ta

De plestik kerrels dy't by de ramp mei de MSC Zoe yn see bedarre binne, kinne oant yn Denemarken ta weromfûn wurde. Dat docht bliken út kompjûtersimulaasjes fan it Koninklijk Nederlands Instituut voor Onderzoek der Zee (NIOZ). It giet om in earste oanwizing, letter dit jier komt der nij ûndersyk mei bettere modellen.
Kerrels NIJ
De kerrels dêr't it yn dit ûndersyk om giet, binne fan polystyreen. Sy driuwe net, mar sinke. De plestik stikjes komme út in kontener dy't iepenskuord is op it momint dat dy oan board fan it seeskip stie.
Neffens de modellen moatte alle kerrels yn de rin fan 2019 oanspield wêze, mar se binne eins noch net sjoen. Dat komt omdat se lykje op sânkerrels. Ien en oar stiet yn in tuskenrapportaazje dy't minister Cora van Nieuwenhuizen freed nei de Twadde Keamer stjoerd hat.
© Hayo Bootsma

Juridysk gjin bewiis

De kerrels dy't de measte minsken wol kenne, binne de lytse wite boltsjes dy't rûnom op de strannen bedarre binne. It ferskil mei de oare kerrels is dat de lytse wite boltsjes driuwe en wat grutter binne.
Undersikers binne der sa goed as wis fan dat de wite boltsjes fan de MSC Zoe komme. Se waarden nammentlik op itselde momint fûn as de oare lading fan de MSC Zoe. Dat de boltsjes fan de Zoe komme, is lykwols juridysk net hurd te meitsjen "omdat de beschikbare ladinglijsten van de verloren containers onvoldoende gedetailleerde informatie bevatten", sa stiet yn it rapport.
Plestik kerrels yn de hân fan Jan Willem Zwart fan Natuurmonumenten © Remco de Vries, Omrop Fryslân

Magen en stront ûndersocht

Rykswettersteat hat opdracht jûn foar it ûndersyk mei as doel te sjen wat de gefolgen binne foar de natuer. De ûndersikers fan Wageningen Marine Research (WMR) en it NIOZ binne lykwols noch lang noch net klear. Se kinne dus ek noch net in soad oer it ûndersyk sizze.
Yn de ôfrûne tiid hawwe de ûndersikers 8.220 meunsters sammele. Dêrby sitte ûnder oaren magen en terms fan fyftjin seehûnen, tûzen stiks skyt fan mientsen en 2400 magebollen útspuid troch lytse sjouwermannen. Ek binne 104 stiks útspuide bollen mei de mage-ynhâld fan leppelbekken meinaam foar analyze.

Gruttere stikken

Njonken it biste-ûndersyk nei mikro-plestik, sjogge de ûndersikers ek nei it gruttere ôffal op de seeboaiem. Dit is yn de ôfrûne tiid omheechhelle by oare seeboaiemûndersiken, en ûndersocht troch it team fan de WMR.
Der binne yn totaal 1766 objekten nei boppen helle, mar dêrfan koe neat direkt linkt wurde oan de MSC Zoe. Ek de 'fangst' op it strân fan Gryn smiet net in soad op. Ferline jier hawwe frijwilligers dêr oan it oprêden west. Fan dy rommel koe mar ien prosint taskreaun wurde oan de MSC Zoe.
Ien fan de plakken op Skiermûntseach dêr't noch in soad kerrels fûn binne © Remco de Vries, Omrop Fryslân
Yn oktober dit jier wurdt de einrapportaazje ynlevere. Oant dy tiid wurde noch ekstra meunsters naam as dat nedich is. Sa binne der mids jannewaris wer ekstra meunsters meinaam fan it strân fan Skiermûntseach om HDPE-pellets te finen, mar ek sânmeunsters om PS-kerrels te finen.
Op oare Waadeilannen sil dat ek barre. En der wurde proeven dien om de effekten fan dat alles op de natuer fêst te stellen troch yn sâltwetterfivers lytse fisken, garnalen en oar libjend guod bleat te stellen oan ferskillende konsintraasjes PS-kerrels.
Undersykskoördinator Edwin Foekema fan Wageningen Marine Research yn Den Helder