Jouster rêdt hûnderten minsken yn Twadde Wrâldoarloch

21 feb 2020 - 18:16

Twa doazen fol mei kaarten steane der yn it argyf fan kamp Westerbork yn Drinte. Op de kaarten hûnderten nammen en foto's fan joaden, fersetsminsken en minsken dy't om wat foar reden dan ek ûnderdûke moasten foar de Dútske besetter. It is it argyf fan de Jouster fersetsman Sjoerd Wiersma.

Hy hold hiel krekt by wa't der wêr ûnderdûkt siet. "Dat moast wol", sa fertelt pakesizzer Sjoerd Wiersma. "Want de operaasje wie yntusken sa grut wurden, dat se it ien en oar op papier hawwe moasten."

Wiersma is freed yn it argyf fan Westerbork om de kaarten te besjen dy't er jierren lyn yn brûklien jûn hat. Mar hy komt ek om wat sjen te litten. Yn it persoanlike argyf fan syn pake hat er nammentlik de alderearste ferzje fan it argyf weromfûn. In fergiele papierke dat kwealik noch te lêzen is.

"It wie eins hiel gefaarlik om al dizze ynformaasje op te skriuwen, want as de Dútsers it te pakken krije soene, dan hiene se elkenien weromfine kinnen." It papier waard dan ek goed ferstoppe, yn de widze fan in poppe dy't by de famylje ûnderbrocht wie. In Joadsk berntsje, mar dat wisten de Dútsers net.

Joadske bern rêden

Judith Hangjas is ien fan de Joadske bern dy't troch Wiersma rêden is. Sy waard yn 1943 oppakt mei har heit en mem. Neidat har heit en mem op transport gien wiene fanút de Hollânske skouboarch, waard sy troch in koerier meinommen nei in earste ûnderdûkadres yn Beest.

Dêr koe se lykwols net bliuwe en se waard ophelle troch fersetsman Sjoerd Wiersma. Dy wie op dat stuit al jierren aktyf. Hoewol't it dreech wie in plakje foar Hangjas te finen, om't se in hiel Joadsk uterlik hie, slagge it Wiersma dochs in plakje foar har te finen, yn Jiskenhuzen by de famylje De Jong.

"Elkenien yn it doarp wist dat ik Joadsk wie, mar dochs koe ik gewoan mei nei bûten en waard der net hiel geheimsinnich dien oer dat ik by De Jong wenne", sa fertelt se. "Wiersma hie in hiel goed plak foar my fûn en ik wie dêr hiel gelokkich."

Ien fan de kaarten út it archyf fan Sjoerd Wiersma - Foto: Omrop Fryslân, Wytse Vellinga

Foar Wiersma wie it fan it begjin ôf dúdlik dat it net goed siet mei dy Dútsers. Al foar de oarloch hie er him ferdjippe yn it nasjonaalsosjalisme, sa fertelt pakesizzer Sjoerd Wiersma. "Hy sei tsjin elkenien dat se net nei Dútslân ta moasten om te wurkjen. Op in jûn kaam er doe in man oan de doar dy't him dêr oan hâlde woe, mar dan wol in ûnderdûkadres nedich hie. En sa is it eins begûn. Pake koe dêr gjin nee tsjin sizze. Dêrnei kamen der fia fia hieltyd mear fersiken foar help."

Wiersma hie in eigen waskerij op De Jouwer, mar hat op in bepaald stuit de lieding oer dy waskerij oerdroegen oan in oar om't er it sa drok hie mei it regeljen fan ûnderdûkplakken. "It rûn wol wat út de klauwen en dat hie ek finansjele konsekwinsjes. Yn it begjin krige hy gjin fergoeding foar it ûnderdûkwurk, mar der moasten wol saken betelle wurde. Sa moasten der bygelyks matraskes en in kacheltsje komme en dat betelle er dan mei syn eigen sparjild."

Pakesizzer Sjoerd Wiersma yn it archyf fan Westerbork - Foto: Omrop Fryslân, Wytse Vellinga

It wurk fan Wiersma wie fan libbensbelang foar de minsken dy't er holpen hat om ûnder te dûken. "Myn heit en mem binne omkommen en haw ik nea wer sjoen", sa fertelt Hangjas. "Ik wie nei de oarloch eins allinne op 'e wrâld, mar dat haw ik in skoft net witten. Ik bin der pas folle letter efterkaam dat ik Joadsk wie." Pas jierren nei de oarloch kaam se der by tafal achter. "Ik krige lijen op strjitte en doe skolden se my út foar joadinne en doe hawwe myn pleechâlden it my ferteld.

Pas doe kaam se achter wat der mei har eigen famylje bard wie. Mar ek kaam se der doe pas achter wa't har rêden hie en hoe't dat gien wie. "Nei alle gedachten hat Wiersma my mei it iepenbier ferfier ophelle, want in auto hie er net."

Foto: Omrop Fryslân, Wytse Vellinga

It ûnderdûkwurk wie gefaarlik foar Wiersma. Net allinne foar himsels en syn famylje, mar ek foar elkenien dy't ûnderdûkt siet. Hy wie fan alles op 'e hichte, dus as er oppakt wurde soe, dan soe der folle mear foar it ljocht komme. En dat barde hast. "Op in dei wie er tegearre mei syn freon Uilke Boonstra ûnderweis nei It Hearrenfean fanút Amsterdam. Op ien of oare wize fertroude myn pake it net", sa fertelt pakesizzer Sjoerd Wiersma. "Hy gie net mei doe't Boonstra útstapte op it Hearrenfean."

Ferrieder

In ferstannich beslút sa die bliken. Op it stasjon stie in ferrieder tegearre mei Dútske soldaten te wachtsjen. Boonstra waard oppakt, mar Wiersma koe fuortkomme en stapte op de tram nei De Jouwer. Dêr sprong er fan de ridende tram en rûn nei syn hûs tsjinoer de waskerij. Dêr kaam er der efter dat de Dútsers nei him sochten. De waskerij waard trochsocht en ek yn de wente fan Wiersma wiene Dútske soldaten. "Dy wiene sa lilk dat se fan alles en noch wat kapot slein hawwe."

Wiersma dûkte ûnder en moast ek syn wurk foar de oare ûnderdûkers foar in grut part stillizze, mar neffens pakesizzer Sjoerd Wiersma bleau hy oant de ein fan de oarloch aktyf. Dat docht ek wol bliken út de argyfkaarten dy't no yn Westerbork lizze.

Foto: Omrop Fryslân, Wytse Vellinga

"Dizze kaarten binne nei de oarloch makke op basis fan de orizjinele papieren. Je kinne sa krekt sjen wat der mei al dy ûnderdûkers bard is", sa seit Wiersma. Hy is grutsk op syn pake. "Mar ek op al dy oare minsken dy't him holpen hawwe. En ek op myn beppe, want dy hie it fansels ek net maklik yn de oarloch."

It projekt 'De terugkeer van de Joodse kinderen' is in gearwurking tusken Stichting de Verhalen, Omrop Fryslân, Leeuwarder Courant en Friesch Dagblad. De kearnredaksje bestiet út Karen Bies, Marja Boonstra, Martijn van Dijk, Wybe Fraanje en Gerard van der Veer.

(advertinsje)
(advertinsje)