Jansen kiest tsjin ADO Den Haag opnij foar Odgaard

21 feb 2020 - 17:47

Jens Odgaard stiet sneontejûn yn de thúswedstriid tsjin ADO Den Haag wer yn de punt fan de oanfal fan SC Hearrenfean. Ek al is it al twa-en-in-heale moanne lyn dat de Deenske spits foar it lêst in doelpunt makke hat (8 desimber, yn de útwedstriid tsjin RKC Waalwyk) en ek al wûn Odgaard yn de wedstriid tsjin Vitesse gjin inkeld persoanlik duel: Odgaard bliuwt earste spits.

Trainer Johnny Jansen sjocht foarút op de wedstriid tsjin ADO Den Haag:

Wichtichste reden hjirfoar is dat Jansen gjin alternativen hat. "Voor Runar (Espejord) geldt dat hij nu nog niet fit is. Hij blijft last houden van kleine pijntjes en we moeten voorzichtig met hem zijn. En Rein (Smit) wordt in de toekomst hopelijk de spits van SC Heerenveen, maar zover is hij nu nog niet. Op dit moment is hij mijn derde spits."

Panykfuotbal

Ek al wachtet hearrenfean al moannen op in oerwinning en helle de ploech út de lêste sân wedstriden mar twa punten, Allinnich tsjin Heracles Almelo en VVV Venlo waard lyk spile. Jansen wol syn basisalve net tefolle oer de kop smite. "Ik wil geen paniekvoetbal spelen, omdat het nu niet loopt. Want dat betekent ook dat je binnen de groep onrust creëert."

En oer in oare wize fan fuotbaljen, bygelyks yn in 4-4-2 formaasje, is Jansen dúdlik: "Als je bedoelt dat je Mitchell van Bergen en Ejuke samen in de spits wilt zetten, dan is dat tegen ADO geen optie!"

Ik wil geen paniekvoetbal spelen.

Trainer Johnny Jansen

Jens Odgaard fielt dat de druk op him tanimt. Odgaard hat oant no ta sân doelpunten makke, mar hat nei de winterstop net mear skoard. "Er is altijd een zekere druk, maar op dit moment is de druk van buitenaf wel groter dan anders. Maar het is mijn beroep, ik vind het niet erg als ik veel verantwoordelijkheid krijg. Voor geen enkele voetballer zou dat een probleem moeten zijn. Het komt zeker goed en dat zullen we zaterdag laten zien."

Jens Odgaard fielt dat de druk tanimt:

Mei ADO Den Haach komt de nûmer santjin op besite. De nije trainer Alen Pardew krige 'carte blanche' en helle yn 'e winterstop mar leafst acht nije spilers. Benammen út de legere Ingelske difyzjes, mar oant no ta sûnder resultaat. Dochs is it gjin ienfâldige opjefte fan ADO te winnen, tinkt Jansen.

"Ik denk wel dat ADO ons de bal gaat gunnen en van daaruit de strijd wil aangaan om te kunnen counteren. En gokken op dode spelmomenten, want daar zijn ze gewoon goed in. Dus het wordt zeker een gevecht."

Wanprestaasje

Hearrenfean hat tsjin ADO wat rjocht te setten, de ploech levere neffens oanfierder Hicham Faik ferline wike tsjin Vitesse in wanprestaasje. "We zeggen de hele week tegen elkaar dat we goed moeten beginnen en dan kom je zo snel op achterstand. Dan loop je gelijk weer achter de feiten aan."

Hicham Faik fan Sportklup Hearrenfean:

Mar by it publyk groeit it synisme. It slagge net tsjin Fortuna Sittard en VVV Venlo, wêrom sil it tsjin ADO dan wol slachje. Faik begrypt it sentimint. "Daar kan ik me wel iets bij voorstellen, maar wij zijn degenen die het moeten doen en wij moeten ervoor zorgen dat de supporters weer blij zijn en dat ze weer naar de wedstrijden komen kijken."

De wedstriid tusken SC Hearrenfean en ADO Den Haach begjint sneontejûn om 19.45 oere. It is live te folgjen yn in ekstra sportprogramma by Omrop Fryslân op 'e radio. It kommentaar út it Abe Lenstrastadion komt fan ferslachjouwer Arjen de Boer. It radioprogramma begjint om 19.30 oere.

Ferwachte opstelling: Bednarek, Floranus, Dresevic, Botman, Woudenberg, Faik, Kongolo, Veerman, Van Bergen, Odgaard en Ejuke.

(advertinsje)
(advertinsje)