PODCAST: 'De wolvepoat'

De grize giet dy oer de grouwe fan dizze spannende ferhalen. 'Bonkerak' is in rige fan tweintich folksferhalen dy't bewurke binne ta harkspullen. Alle wiken in nij folksferhaal út Fryslân of dêrbûten. Yn dizze fiifde Bonkerak kinst harkje nei it ferhaal 'De wolvepoat'.

Utstjoering 5: De wolvepoat

Yn it easten fan Fryslân wenje op in slot in baron en syn frou. Se binne lokkich, alles giet bêst. Der is mar ien minpunt: der swalket in wolf yn 'e omkriten dy't de skiep opfret. As der op in nacht wer trije skiep en in laam deabiten binne, nimt de baron maatregels. De skieppehoeder en in jager moatte fan him op jacht nei de wolf. De wolf ferskynt as de jager krekt efkes in oare kant út rûn is en falt de skieppehoeder oan. Dy hat gjin gewear, mar wol in mes en wit himsels te rêden troch de foarpoat fan de wolf der ôf te fykjen. Mei de wolvepoat as in trofee yn in kistke komme se werom by de baron. As dy it kistke iepen docht, binne se alle trije ferbjustere.
Bonkerak is in podcastsearje fan Omrop Fryslân. Folksferhalen dy't spylje yn Fryslân, Skotlân, Ierlân, Frankryk en Amearika, binne bewurke ta harkspullen. It binne allegear folksferhalen mei in wat tsjuster laachje: spannend, mysterieus en horroreftich. Tweintich wiken lang komt der alle freeds in nije útstjoering online op de webside fan Omrop Fryslân, yn dyn podcast-app en op Spotify. Sjoch foar mear ynformaasje oer Bonkerak op omropfryslan.nl/bonkerak.