Wenkosten yn Eaststellingwerf it rapst omheech

Ut sifers fan de Vereniging Eigen Huis docht bliken dat de wenkosten yn de measte Nederlânske gemeenten dit jier omheech geane. Yn Fryslân is de gemeente Eaststellingwerf de gemeente dêr't dy kosten it hurdst omheech geane.
It gemeentehûs fan Eaststellingwerf © Omrop Fryslân, Joris Kalma
Dêr wurde de ûnreplikesaakbelesting, rioelheffing en ôffalstoffeheffing goed fyftjin persint djoerder. Dit komt benammen trochdat de ôffalstoffeheffing yn Eaststellingwerf goed oardel kear sa heech wurdt.
Oare gemeenten dêr't de kosten dit jier bot omheech geane binne Tytsjerksteradiel, Dantumadiel, Waadhoeke en Hearrenfean. De grutte oanjager fan de kosten is de ôffalstoffeheffing dy't omheech giet. Neffens Vereniging Eigen Huis komt dit om't gemeenten hieltyd mear jild kwyt binne oan de belesting op it ferbrânen fan restôffal. Dizze útjeften wurde trochberekkene oan alle ynwenners. Allinne yn de gemeente Etten-Leur (Noard-Brabân_ geane de wenkosten mear omheech as yn Eaststellingwerf.

Legere kosten

Der binne ek gemeenten dêr't de ynwenners dit jier minder jild kwyt binne oan wenkosten. Sa is der yn Opsterlân in delgong fan goed acht persint. Ek yn de gemeente Skiermûntseach is in delgong fan krekt wat minder as trije persint. Skiermûntseach bliuwt lykwols wol de djoerste gemeente fan ús provinsje; in húshâlden is hjir yn trochsneed 847,85 euro kwyt oan wenkosten dit jier.