Oplevering fan nij Cambuurstadion opnij útsteld

De oplevering fan it nije Cambuurstadion is opnij útsteld. Op syn rapst kin Sportklup Cambuur nei de winterstop fan it seizoen 2021-2022 fuotbalje yn it nije stadion. Kostetechnysk feroaret der foar de Ljouwerters neat, want Cambuur keapet al it fuotbal-relatearde guod yn it kompleks foar in fêste priis fan tsien miljoen euro.
© Bureau voor Widdershoven architectuur en architecten BV
Alle tariedingen foar de bou fan it WTC-Cambuurkompleks binne yntusken troffen, de omjouwingsfergunningen kinne de kommende tiid yntsjinne wurde. Der moat in grut ferskaat oan fergunningen komme, foar ûnder oare it stadion, de supermerken yn it kompleks, de McDonald's, mar ek foar it kappen fan beammen yn de omjouwing.
Yn febrewaris sil de oannimmer begjinne mei it slopen fan de opslachbunkers op it âlde fjoerwurkterrein, ek sil der yn dizze moanne noch begûn wurde mei it oanlizzen fan in nije oansluting op de Slauerhoffwei, ta hichte fan de Alvestêdehal.

Gjin oanbestegingsproseduere nedich

Stadionontwikkeling Cambuur BV, dêr't ûnder oare Dijkstra Draisma en Wijkerveste yn sitte, is opdrachtjouwer fan de bou fan it stadion en net de gemeente Ljouwert. Dêrom hoecht der net in Europeeske oanbestegingsproseduere oanfrege te wurden foar de finansiering fan de bou. De kâns is dus ek grut dat bougroep Dijkstra Draisma it stadion bouwe sil.

Kosten Cambuur: tsien miljoen euro

Sportklup Cambuur betellet foar it stadion, mei it fjild, de tribunes, de ljochtmêsten en de klaai- en bestjoerskeamers in fêste priis fan sa'n tsien miljoen euro. As de bou fan it stadion likernôch djoerder útfalt, bliuwt de priis foar Cambuur gelyk.
Yn de hjerst fan dit jier sil de bou fan it nije Cambuurstadion úteinsette. Sa't de ferwachtingen no binne, kin de giel-blauwe formaasje fan Henk de Jong nei de winterstop fan it seizoen 2021-2022 fuotbalje yn it nije stadion. De supermerken en de MCDonalds yn it kompleks sille ein dit jier, of yn it begjin fan 2021 iepenje.