Goud en sulver foar Frysk supertalint Femke Kok op WK junioaren

21 feb 2020 - 15:19

Femke Kok is wrâldkampioene wurden op de 500 meter reedriden foar junioaren. Dêrnjonken pakte de 19-jierrige Nijbeetster freed ek sulver op de 1500 meter yn it Poalske Tomaszów Mazowiecki.

Foto: Martin de Jong Fotografie

Op de 500 meter ried Kok in tiid fan 38,94. Dat wie mear as in heale sekonde rapper as de nûmer twa, Moe Kumagai út Japan. It brûns wie foar Robin Groot. Myrthe de Boer út Skarsterbrêge waard trettjinde en Marrit Fledderus út Sint-Nyk gie ûnderút.

Kok kaam op de 1500 meter 0,24 tekoart foar de titel. Se pakte wol it sulver. Robin Groot wûn goud en ek it brûns gie nei Merel Conijn, ek út Nederlân. Myrthe de Boer waard alfde.

Ferline jier ek al

Ferline jier waard Femke Kok wrâldkampioen allround en op de 1500 meter. Dêrnjonken pakte se doe sulver op de 500 en de 1000 meter.

Harm Visser

De Westereender Harm Visser (19 jier) waard sechstjinde op de 1500 meter. Hy ried 1.54,27. Dat wie in lytse fiif sekonden stadiger as de winner Tsubasa Horikawa út Japan.

(advertinsje)
(advertinsje)