Timo Zaal (16) tekenet foar trije jier by SC Hearrenfean

Ferdigener Timo Zaal hat freedtemiddei in profkontrakt tekene by Sportklup Hearrenfean. De 16-jierrige Ljouwerter wurdt sjoen as in grut talint en hat syn hanteken setten ûnder in kontrakt foar trije jier.
© Omrop Fryslân, Arjen de Boer
Zaal wie ôfrûne winter al mei op trainingskamp nei Spanje mei de seleksje fan de Feansters. Doe wie hy noch mar 15 jier. Hy is famylje fan Arnold Herder, dy't yn it ferline foar Cambuur spile.

Jeugdoplieding

De ferdigener makket al sûnt 2015 diel út fan de jeugdoplieding fan Hearrenfean. Ek spile hy meardere wedstriden foar de jeugdteams fan Oranje.
"Wij zijn blij dat we een groot talent als Timo voor de komende drie jaren aan ons hebben kunnen binden", seit technysk manager Gerry Hamstra. "Dat hij op vijftienjarige leeftijd al mee is geweest op trainingskamp met het eerste elftal, zegt veel over zijn kwaliteiten."