UPDATE: Ungelok op A7, dyk wer iepen

21 feb 2020 - 14:35

De sneldyk A7 yn de rjochting fan Drachten hat freed ticht west nei ferskate ûngelokken by it Grinslanner Boerakker.

File op de A7 by Boerakker - Foto: Google Maps

It ferkear stie oer ferskate kilometers fêst foar de ôfslach-Boerakker. It ferkear koe wol oer de flechtstreek. Yntusken is de dyk wer frijjûn.

Trefwurden: 
A7 file sneldyk Boerakker
(advertinsje)
(advertinsje)