HEA! Einekoerflechtsje foar de rêst

21 feb 2020 - 14:14

Twa jûnen yn de wike sitte se byelkoar te einekoerflechtsjen, de bruorren Hendrik en Bouwe Kooistra fan Dokkum. Yn it hok fan Hendrik liket de tiid efkes stil te stean. De hiele ynrjochting azemet de sfear fan de jierren sechstich, doe't de mannen noch jonges wiene. Hendrik en Bouwe komme sa hielendal ta rêst.

(advertinsje)
(advertinsje)