Keatsferienings wolle 'opstapwedstriden' foar de jeugd behâlde

21 feb 2020 - 13:40

Fjouwer Fryske keatsferienings wolle dat de saneamde opstapwedstriden yn de jeugdkategoryen bestean bliuwe. De wedstriden soene yn 2020 te ferfallen komme.

Foto: Henk Bootsma

Yn de opstapwedstriden krije keatsers dy't yn de earste omloop al ferlieze in kâns om noch in oantal partijen te keatsen. De wedstriden soene yn 2020 ferdwine, mar de fjouwer ferienings, VVV Sjirk de Wal, KV Boalsert, KV Eksmoarre en KV De Boppeslach De Hommerts-Jutryp, wolle dat foarkomme.

Neffens harren soargje de wedstriden derfoar dat elke keatser op nivo keatse kin. In tal ferienings hat bygelyks net genôch, of just te folle keatsers om in partoer te foarmjen.

Dêrneist jouwe de ferienings oan dat sy it oantal dielnimmers oan de herkânsingswedstriden weromrinnen sjogge omdat de mindere ôfdielings dêr gjin kâns ha om te winnen. Yn de opstapwedstriden soene sy in bettere kâns ha om harren yn de prizen te keatsen.

(advertinsje)
(advertinsje)